Lansearring Artemis wer útsteld; nij besykjen net earder as ein septimber

septimber 9, 2022 08:23 Fernijd

De plande lansearring fan de ûnbemanne raket Artemis is opnij útsteld. Eins soe dat ôfrûne sneon barre, mar NASA hat de moannemissy koart foar de lansearring skrast fanwege technyske problemen. Diskear lekte der brânje.

Foto: NASA

It is in nije tsjinslach foar it prestisjeuze romtefeartprojekt yn ’e Feriene Steaten. De hast hûndert meter lange raket is de krêftichste dy’t NASA ea bouwe litten hat. Allinnich al de testflecht hat goed fjouwer miljard dollar koste. Foar de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA soe de lansearring ek in mylpeal west ha, want ESA leveret in wichtich oanpart.

It lek waard ûntdutsen by it foljen fan in tank mei in floeibere wetterstof, dy’t as koelfloeistof foar de motoaren tsjinnet. It slagge technisy net om it probleem op tiid op te lossen. De lêste kear dat besocht waard om te lansearjen is dat op driuwend advys fan de lansearploegen fan NASA skrast. NASA ferwachtet dat it op syn gaust ein septimber wurdt om te besykjen de raket te lansearjen. Mar it soe faaks ek pas yn ’e twadde helte fan oktober wêze kinne. It útstellen betsjut ek dat de raket fan it lansearplak helle wurde moat en letter werombrocht. De lansearring stie pland foar ôfrûne sneontejûn Nederlânske tiid. De raket hie fan Cape Canaveral yn Floarida opstige moatten.

Ferline wike moandei kampte NASA ek mei technyske problemen. Doe wie der ek sprake fan in wetterstoflekkaazje, mar op in oar plak yn ’e raket. Der like doe ek sprake fan in stikkene waarmtesensor, mar ûnderwilens is dúdlik wurden dat dat apparaat dochs goed wurket. As gefolch fan de problemen waard it earste lansearbesykjen ôfsein.

De ûnbemanne missy fan Artemis I is bedoeld om alle systemen yngreven te testen. Mei de neikommende missy (Artemis II), pland yn 2024, sille fjouwer astronauten mei. Pas mei Artemis III sil in moannelâning besocht wurde. De lêste kear dat dat dien waard wie fyftich jier lyn.

Lês ek dit berjocht: www.itnijs.frl/2022/09/lansearring-unbemanne-moanneraket-utsteld-freed-twadde-besykjen.

septimber 9, 2022 08:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.