Joni Mitchell yn it Frysk

septimber 1, 2022 08:06

Op inisjatyf fan sjongeres Inez Timmer hat dichter Eppie Dam fjirtjin lieten fan Joni Mitichell oerset. In groep betûfte muzikanten hat se útfierd en opnommen, dat se binne no op cd en lp te beharkjen.

cd-hoes © Inez Timmer

Meikoarten binne se ek live te hearren yn it teäterkonsert Baas Giele Taksy. Tusken de nûmers troch fertelt Inez Timmer it libbensferhaal, de striid en it fertriet fan Joni Mitchell. Dat docht se troch sa no en dan ek troch ek har eigen ûnderfinigen as begjinnend muzikant deryn mei te nimmen, mar mei in skean each sjocht se ek nei it tiidsbyld fan de sechtiger en santiger jierren, doe’t der in eksploazje wie fan muzikale kreativiteit én fan geweldige maatskiplike feroaringen. Troch dy kontekst krije de lieten fan Joni Mitchell om sa te sizzen in nij libben. De premjêre is op 7 oktober 2022 yn de Ljouwerter Stedsskouboarch De Harmonie.

Sneontejûn 15 septimber is by in iepen repetysje yn de Fermanje fan Snits te sjen hoe’t Inez Timmer, de muzikanten en de regy de foarstelling montearje. By dy gelegenheid kriget boargemaster Jannewietske de Vries de cd Baas Giele Taksy.

septimber 1, 2022 08:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.