Jazz en iten, sneins yn De Rottefalle
Resint ferskynd
De Herberg van Smallingerland yn De Rottefalle organisearret Sunday Afternoon Jazz & Diner

Boarne: De Herberg van Smallingerland
Dat der njonken folle boarden ek smaaklike muzyk servearre wurdt, is nij foar de Herberg van Smallingerland.
Freddy Bult: “Aukje en ik binne gasthear en gastfrou yn hert en nieren. It kulinêr yn ’e watten lizzen is yn ús dna ynbakt. Dat wy dat foar de lêste trije moanne fan it jier optuge mei hearlike muzyk, liket hast wol logysk. Alle earste sneinen fan de moannen oktober, novimber en desimber biede wy ús Sunday Afternoon Jazz & Diner-arranzjemint oan. Dat leit hielendal yn ’e line fan wat gasten tsjintwurdich ferwachtsje: in hearlik fersoarge middei/jûn dêr’t se by fersekere binne fan kwaliteit.” Oanfang is 15.00 oere en de ôfsluting om 20.00 oere hinne.
De muzyk
De fokus leit fan ’t hjerst op jazz. De ôftraap op 2 oktober wurdt fersoarge troch it trio Swing & Rhytm ’n Soul, dat bestiet út pianist/sjonger Han Hesselink, kontrabassist Bert van Erk en saksofonist Laurens Blinxma. De hearen spylje lichte, dûnsbere stikken út de swingperioade fan de tritiger en fjirtiger jierren, doe’t de jazz noch foaral dûnsmuzyk wie. De muzyk fan Duke Ellington en Fats Waller, mei hjir en dêr in útstapke nei Fats Domino en Stevie Wonder.
Foar snein 6 novimber is it spotljocht foar de Basily Gipsy Band út De Haach. De band wurdt oer de hiele wrâld útnûge. Sels de Rolling Stones wiene sa ûnder de yndruk fan harren gitaarspul dat er in útnûging foar it spyljen op in jierdeisfeest folge. Hja bringe de sneins hearlike Hot Club de France-muzyk.
De lêste snein yn ’e rige, 4 desimber, wurdt it publyk nei waarmer oarden brocht. Sjongeres Izaline Calister, ôfkomstich fan Curaçao, komt mei har fêste gitarist Thijs Borsten om it publyk te traktearjen op wûndermoaie jazz. Neist dat Calister yn it Ingelsk en Papiamintsk sjongt, komt ek it Nederlânsk foarby. Mei Leonie Jansen toert se op it stuit mei har teaterprogramma De eeuw van Harry Belafonte rûn.
Mear ynformaasje en reservearje
Mei it each op de te ferwachtsjen belangstelling, is it saak dat de gasten foarôf reservearje. Dat kin op www.herbergvansmallingerland.nl. Dêr is ek mear ynformaasje oer it arranzjemint te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje