Jan Schokker: Flaeijelfûgel

septimber 24, 2022 08:00 Fernijd

Kollum

Gjin minske op strjitte yn Nij- en Aldhoarne, gjin auto op ’e dyk, neat gjin oerlêst, sels gjin frjemde fûgel boppe de fredige fjilden. Wy wenje yn in o sa fredich doarp, dat fan syn libbensdagen gjin deadsk doarp wêze sil. Der broeit en brûst wat. De loft trillet en men fielt, in dikke wike foar it grutte Flaeijelbarren, dat beide doarpen gâns ûnder spanning komme te stean. Yn skuorren, yn hokken en loadsen binne de minsken al tiden drok mei de tarieding fan wat nei twa jier covidleechte wer in merakels feest wurde sil.

De lêste sneon fan septimber wurdt by ús lykas fanâlds it ferline optúgd. It libben fan santich jier tebek wurdt optild nei hjoed-de-dei. Ien kear yn ’t jier stampe se hjir samar in hiel iepenloftmuseum út ’e grûn. Lang útstoarne ambachten, net troch te sliten lânboumasines, trekkers, brommers, motors en heal-fergetten ark krije in fertsjinstlik poadium op ’e fjilden westlik fan de Kiekenberg. Neimakke gevels fan bakkerijen, winkels, húskeamers, kroegen, in dokterspraktyk, in kapperssaak, in molkfabryk: alles wat it neamen wurdich is en wat dy goede âlde tiid foar in pear dagen wer sa tige romantysk makket. De nostalgy kriget in plakje yn ús tydlik doarp fan eartiids. It skuort jin tebek nei in tiidrek dêr’t alles noch simpel en oersichtlik yn wie, alteast sa wolle wy it graach besjen. Soks mei ek, sa no en dan. Wy en foaral ús bern moatte witte wêr’t ús ankers lizze. Benammen yn dizze ûngeregelde tiden, no’t it liket dat ús bekende wissichheden stik foar stik by ús weifalle.

Om it finansjele plaatsje rûn te krijen wolle se kloften wyld jongfolk út ’e omkriten nei ús mânske feesttinte lokje. Foar dat útsinnich folkje sille jûn út, jûn yn aardich wat ferneamde artysten harren trúkje dwaan, sitte der yn ûnbidich grutte biertanken tûzenen en tûzenen liters wetter mei hop, lizze in ûnfoarstelber soad flessen bearenburch mei cola boppe de bar foar it gripen en hat hiel Frankryk in healjier drok dwaande west om de fetten wyn op ’e tiid op smaak te krijen. Fierders kin der ek noch reedriden wurde op in neimakke iisbaan, is der in kriich om de titel yn seinemeanen en keunstdongstruien, is der ringriden, in boereboelguod en fansels de kilometerslange optocht dwers troch it doarp.

No’t ik ynwenner bin fan al dat moais, fûn ik dat ik helpe moast om it feest mei op te bouwen. Twa dagen haw ik wat yn it paad rûn om it dekôr op syn plak te krijen. Earlik sein hie ik ferwacht dat se de hiele âlderein fan it doarp wol optromje soene om mei te helpen, mar al wa’t ik tsjinkaam, it wiene stoere jongkeardels dy’t allemachtich trochpakke koene. Ik miende mar dat by my alles krekt sa funktionearre as doe’t ik ek sa’n sterke keardel wie en woe dy manlju eins fluitsjendewei foar bliuwe. Jawis en fansels, it die gauwernôch bliken dat myn ferstân net mear lykop rint mei myn gewrichten en útbuorke spiermassa. Fierstente betiid begûn myn stroffeljen, myn hymjen en myn eameljen om efternei thús dagen út ’e liken te lizzen. Miskien takom jier inkeld ark oanrikke, de flier oanfeie – as se my dat tafertrouwe –, miskien kofje helje, folders rûnbringe of my fluitsjend nei de fûgels gewoanwei deljaan. Mar nee, ik moat en sil takom jier wer meidwaan, want wat in prachtdoarp!

septimber 24, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.