Jan Bosgraaf: Fuort mei Winnetou?
Resint ferskynd
Kollum
Wat sille we no belibje? Lês ik it goed? Wrachtich, it stiet der echt. Mei grutte koweletters. ‘Verkoopstop voor Winnetou.’
De Dútske útjouwerij Ravensburger Verlag hâldt op mei de ferkeap fan in pear nije berneboeken dy’t basearre binne op in nije film oer Winnetou. De Nederlânske útjouwer Meulenhoff Boekerij jout de nije Winnetou-berneboeken ek net mear út. ‘Wy folgje de line fan de Dútske útjouwer’, is de ferklearring. Neffens de Dútske útjouwer kamen der in soad negative reaksjes op hoe’t de lânseigen befolking delset is. Dêrmei wol de útjouwer sizze dat aktivisten op sosjale media grutte fraachtekens pleatsten by de stereotipen dy’t neffens harren yn de publikaasjes nei foaren komme. “Wy tankje jo foar jo krityk. Jo feedback hat ús dúdlik makke, dat we de gefoelens fan minsken kwetse mei de Winnetou-titels’, seit de Dútske útjouwer yn in ferklearring. Soe men jin net besauwe?! Mei ien haal wurdt Winnetou nei de ivige jachtfjilden stjoerd. Of kin men soks ek net mear sizze, om’t men dan wer oare minsken op it sear komt?

Foto © Jan Bosgraaf. Stânbyld fan Massasoit
Yn 1875 kaam it earste Winnetou-boek fan de Dútske skriuwer Karl May út. Dêrnei folge in hiele rige Winnetou-boeken. Hiele generaasjes hawwe de aventoeren fan Winnetou en Old Shatterhand lêzen. Wa’t ien kear oan in boek begûn, koe min wer ophâlde. Se waarden opfretten en stikken lêzen. Yn de ferhalen is Winnetou haadman fan de Apachen, ien fan de oarspronklike, lânseigen folken fan Noard-Amearika. Op in dei moetet er Old Shatterhand, as dizze lânmjittingen docht foar de oanlis fan in spoarbaan foar it fjurrich ros. Yn it earstoan beskôget Winnetou him as in fijân, mar oarsom is dat net it gefal. Faker as ien kear hat Winnetou syn libben oan Old Shatterhand te tankjen en de twa slute in bloedbruorskip. As bloedbruorren stride se foar in freedsume, kristlike wrâld yn de Feriene Steaten fan ein 19e iuw. Allinnich yn uterste need, as se alle oare mooglikheden besocht hawwe en it echt net oars kin, gripe se nei harren wapens. Dan giet it der hjoed-de-dei wol oars om en ta. Mar dêr giet it no net om.
Elkenien dy’t de boeken lies, begriep dat de aventoeren net wier bard wiene. Elkenien wist dat Winnetou yn werklikheid gjin haadman fan de Apachen wie. Elkenien begriep wêr’t it winliken om gie: earlikheid, oprjochtens, rjochtfeardigens, ensfh. Der hoegde gjin psycholooch oan te pas te kommen om skansearre bernesieltsjes op te laapjen. As bern fûnen we dy ferhalen dochs geweldich! Lykas ek de ferhalen fan Arendsoog en Witte Veder. We boarten sels ek ‘cowboy en yndiaantsje’.

Foto © Jan Bosgraaf. Stânbyld fan Massasoit
No, krapoan 150 jier nei’t it earste boek yn de winkels lei, ûntstie der yn Dútslân dus opskuor oer twa nije Winnetou-berneboeken. En litte grutte útjouwers de earen hingje nei wat reaksjes op it digitale fitrioel fan dizze tiid, fan lju dy’t saneamd ‘woke’ (wekker wurden) binne en harren no bewust binne fan rasseproblematyk en sosjaal ûnrjocht foar minderheden yn de maatskippij oer. Deabenaud as se binne foar omset- en foaral winstferlies. Klukkluk, de bêste freon fan Pipo de Clown soe grif sein hawwe: ’Dat zijn van de gekke!’ Foar de jongere lêzers: Pipo en Klukkluk wiene twa haadpersoanen yn in telefyzjesearje foar bern yn de sechtiter oant tachtiger jierren fan de foarige iuw. Oer stereotipen praat! Nimmen dy’t him der om bekroade.
Wat dat oangiet kinne we nei’t skynt tsjintwurdich minder ferdrage en lizze guon saken gâns gefoeliger. Nim bygelyks de diskusje oer Swarte Pyt. Foar bern hearre Sinteklaas en Swarte Pyt gewoan byinoar. Allinnich folwoeksenen assosearje Swarte Pyt mei diskriminaasje, rasisme en slavernij. Syn hûdskleur en syn sosjale posysje foarmje de oanlieding dêrta. Dat ferbân lizze bern alhiel net.
As it no giet om Sinteklaas en Swarte Pyt, om Winnetou en Old Shatterhand, om negertuten of Joadekoeken, of om safolle oare saken dêr ’t oer hottefile wurdt, soks past yn in ‘bredere maatskiplike ûntwikkeling’, wurdt troch saakkundigen sein. De hiele wrâld is dwaande mei it op ’e nij besjen fan de skiednis. Benammen de pynlike bledsiden lykas it slavernijferline. Mar werom moat de skiednis op ’e nij besjoen wurde? Wat bard is, is bard. Net dat it allegearre goed wie. Perfoarst net. Mar we kinne der neat mear oan feroarje. Wol wat fan leare, sadat it net wer bart.
Lit de jongste generaasje dêrom genietsje fan de aventoeren fan Winnetou en Old Shatterhand en harren oare tinkbyldige helden. Bern binne no ienris folle minder gefoelich foar falske klisjees en tema’s as diskriminaasje en rasisme as (de measte?) grutte minsken tinke.
[Minister Yeşilgöz helle yn har HJ Schoo-lêzing út nei woke…] Hja fynt de radikale woke-beweging in bedriging foar ús demokrasy.
Oer it kwytreitsjen fan dy Swarte Pyt haw ik hjir al ris in skôging skreaun. (https://www.itnijs.frl/2021/12/it-mearke-fan-de-moarske-slaaf/) Soks is fansels mar ‘lyts bier’ ferlike mei tal fan oare saken. Mar op it momint dat wokers de dea fan George Floyd yn ien azem mei dy feint fan Sinteklaas neame doare, dan wurdt alle argumintaasje deaslein en kinne jo allinne mar binnen of bûten wêze. No it mei dúdlik wêze, ik bliuw graach bûten!