James Webb makket spektakulêre foto fan Neptunus mei ringestelsel

septimber 24, 2022 08:47

Fannijs hat de James Webb-romteteleskoop in bjusterbaarlike foto fan in planeet yn ús sinnestelsel makke. Nei spektakulêre foto’s fan Jupiter, is no Neptunus yn in hiel nij ljocht te sjen. Op de nije foto binne de iisringen fan de gasreus foar it earst yn 32 jier goed sichtber. Neptunus is de achtste en bûtenste planeet fan ús sinnestelsel.

Foto: NASA

De foarige foto’s fan it ringestelsel waarden yn 1989 makke. Foar dat momint wie de hiele planeet op foto’s net mear as in dizenige stip. Dat feroare mei de bylden fan romtesonde Voyager 2, al binne dêr de ringen net sa goed op te sjen as op de nije opname fan de James Webb. Romteteleskoop Hubble slagge der hielendal net yn om de ringen yn byld te bringen. Dat de James Webb dat wol kin, komt trochdat de nije foto yn ynfraread makke is. “It is trije desennia lyn dat we dy dizenige ringen foar it lêst sjoen hawwe en foar it earst sjogge we se yn ynfraread”, seit de Amerikaanske planeetûndersiker Heidi Hammel, dy’t yn 1989 sels by de Voyager 2-missy behelle wie. De skaaimerkende blauwe kleur fan Neptunus is fanwege it oare kleurespektrum net te sjen.

Foto: NASA

Foaral de tinnere ringen om de planeet hinne binne folle better sichtber. It nije byld kin ek mear ynsjoch jaan yn de winen en stoarmen dy’t oer de gasreus raze. Op ’e súdlike helte fan de planeet binne heldere gebieten te sjen: iiswolkens dy’t it sinneljocht wjerkeatse. By de Noardpoal is ek in yntrigearjend ljocht plak te sjen. Der steane ek sân moannen fan Neptunus op it byld. De grutste, Triton, is as in heldere blauwe stjer boppe de planeet te sjen.

Neptunus stiet goed tritich kear sa fier fan de sinne ôf as de ierde, mar foar de James Webb-teleskoop is dat noch altyd de kosmyske eftertún. De measte objekten dêr’t de teleskoop syn enoarme spegel op rjochtet, steane in protte ljochtjierren fier fuort. Begjin dizze moanne fersprate NASA in foto fan in planeet by in oare stjer op 385 ljochtjier ôfstân.

Foto: NASA

septimber 24, 2022 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.