It Skriuwersboun oer Fryske skriuwerij en provinsjaal belied

septimber 17, 2022 08:25

It Skriuwersboun stjoerde alle partijen dy’t yn de Fryske Steaten aktyf binne in stik ta oer de Fryske literatuer. Mei de bedoeling dat partijen dy tekst opnimme yn har ferkiezingsprogramma foar 2023.

It Bûn is fan betinken dat de Provinsje mear dwaan moat foar de Fryske Skriuwerij. Skriuwers, dichters en oersetters binne neffens it Bûn de minsken dy’t soargje foar ûnderhâld en ynnovaasje fan it Frysk as kultuertaal. It Provinsjaal belied is rjochte op in steviger posysje foar de Fryske taal. Dan kin it net sûnder in steviger belied om it lêzen en skriuwen yn dy taal (“ús grutste kultuerskat”). No is der út de polityk wei amper omtinken foar de literatuer, en dat moat oars, fynt it Skriuwersboun.

Minsken dy’t in taljochting wolle of mei it Skriuwersboun redendiele wolle, kinne op tongersdeitejûn 29 septimber nei Tresoar yn Ljouwert komme foar in moeting.

Taheakke: brief en stik foar de partijen.

septimber 17, 2022 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.