“It is mei it Frysk nei de midsiuwen mis gien”
Resint ferskynd
“It is mei it Frysk nei de midsiuwen misgien. It is nota bene ien fan de âldste skreaune talen fan Europa as wy nei de âld-Fryske wetsteksten sjogge. It is al yn de Saksyske en Habsboarchske perioade sa om 1500 hinne misgien en dêrnei nochris yn de Republyk. Yn 1795 kaam der de ienheidssteat oerhinne. Dat betsjut dat Fryslân tsjintwurdich ôfhinklik is fan de Twadde Keamer yn De Haach om der dingen troch te krijen.”
Dat seit histoarikus Joop Koopmans yn de nijste jefte fan tydskrift DE NIJE. It efterútbuorkjen fan it Frysk hat lykwols net allinnich mei steatkundige ûntjouwingen te krijen en it Nederlânsk stiet likegoed ûnder druk.
Koopmans:
“De emansipaasje fan it Frysk wurdt hieltyd dreger. Guon sjogge it Frysk as antikwarysk, moai om te bewarjen, mar net om te brûken. It smyt neffens harren gjin ynkomsten op. Hjir yn Grins sjogge we oan de RUG deselde ûntjouwing oangeande it brûken fan it Nederlânsk. Skiednis wie ien fan de ôfdielingen dêr’t by stêfgearkomsten noch Nederlânsk praat waard, mar dat is sûnt ferline jier septimber Ingelsk. Men kin it ommers nije kollega’s dy’t gjin Nederlânsk fersteane net oandwaan om fuortendaliks yn it Nederlânsk oerlis te hawwen. Se krije in jier om it te learen, mar dan komme der wer nije. It hoecht mar ien te wêzen. Ik jou ek in protte Ingelsktalige kolleezjes. De RUG-kampus Fryslân yn Ljouwert is Ingelsktalich. Dy taal hat status. Mar de eangst dat oare talen net begrepen wurde is fierstente grut. Wêrom moat der eins ‘cycle shed’ op it fytsehok stean? Nederlânsk en Frysk binne ommers foar minsken dy’t it net prate foar in part wol begryplik, yn alle gefal mei symboalen derby lykas in tekene fyts mei in P.”
Lês der mear oer yn DE NIJE.
DE NIJE is te krijen yn boekwinkel, kiosk en guon supermerken.
Alde jeften binne te besjen op Startside.frl.
Klik hjir foar in abonnemint.
DE NIJE wurdt útjûn troch de Ried fan de Fryske Beweging.
De striid foar it Frysk is deselde as dy foar it Hollansk. Ik haw dat yn Brussel goed ûnderfûn. It ferskil mei de Flamingen is wol dat dy striidberder binne as de Friezen. Mar mei de Hollanners is it noch slimmer, dy binne grutsk as se harren taal fersloere litte.