It Fryske Gea eigener fan ’t Kathûs en omlizzend ‘fûgeltsjelân’
Resint ferskynd
Fan It Fryske Gea
It Fryske Gea (IFG) is juster de grutske eigener fan in boerepleats mei fjirtich hektare greidefûgellân. It giet om de autentike stjelp ’t Kathûs te Nes (by Akkrum). Pleats en lân wiene nei it ferstjerren fan Ane Sjoerd Peenstra, de lêste boer en eigener, yn 2020 neilitten oan Mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum. Dat sintrum rjochtet him op de soarch foar âlderein en bea dêrom IFG de earste kâns op oankeap. De oankeap slút goed oan by it skrieze-oanfalsplan en ‘Stean foar it Fean’, de feangreidefyzje fan IFG. Dat wol njonken it greidefûgellân yn de Soarremoarsterpolder de autentike stjelp, dy’t yn in fier ferline by it kleaster fan Nes hearde, behâlde.
Henk de Vries, direkteur IFG: “Wy binne tige wiis my dizze oankeap. De grûn is troch generaasjes boeren goed ûnderhâlden as fûgeltsjelân. It Fryske Gea sil it lân yn gearwurking mei nije generaasjes boeren fierder ûntwikkelje foar de greidefûgels en dêr noed foar stean. Hokker doel oft de pleats kriget witte we noch net, dêr nimme wy mear tiid foar. Wy sille der goed op passe, sa’n moai stee heart by It Fryske Gea!”
Gearwurkje mei boeren
It Fryske Gea wurket foar greidefûgelbehear faker mei boeren gear. De ekstinsive, biologyske of biologyskdynamyske bedriuwsfiering fan boeren út Nes e.o. (fia gebietskoöperaasje De Lege Midden) is krekt wat dit greidefûgellân nedich hat. IFG ferpachtet de grûn dan ek oan dy boeren.
IFG sjocht moaie kânsen foar greidefûgels op de net-oantaaste, iuwenâlde perselen. De grûn tusken Nes en Aldeboarn bestiet út fean mei in laachje klaai deroerhinne en hat nea ûnderdiel fan ruilferkaveling west. Dat yn kombinaasje mei in hege wetterstân, krûderyk gerslân en sekuer greidefûgelbehear makket de grûn populêr by skriezen, ljippen, tsjirken en oare greidefûgels.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje