Ierdskokslachtoffers Grinslân krije tenei op syn minst fiiftûzen euro
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet 1

Grinslanners dy’t skea oan harren hûs oprûn hawwe troch ierdskokken krije tenei altyd op syn minst fiiftûzen euro as skeafergoeding. Dat hat it Instituut Mijnbouwschade Groningen útmakke. Minsken dy’t yn it ferline in legere skeafergoeding krige hawwe, krije in oanfolling, dat it bedrach by harren ek op fiiftûzen euro útkomt.
Sûnt 2021 hawwe minsken yn it ierdskokgebiet al de mooglikheid en kies sûnder yngewikkeld ûndersyk foar in fêste fergoeding fan fiiftûzen euro. Minsken dy’t dy regeling ôfwiisd hawwe en foar in legere fergoeding keazen hawwe, krije de oanfolling ta fiiftûzen euro net. As der nije skea ûntstiet, kinne hja wol it ferskil tusken fiiftûzen euro en it al útbetelle bedrach opeaskje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje