Ierde skoddet wer omraak yn Grinslân

septimber 25, 2022 20:01

Sneon waard Grinslân fannijs trochinoar hinne skodde. Yn ‘e omkriten fan Uthuzen yn it noardeasten fan ‘e provinsje diene har oan it begjin fan ‘e middei ferskate skokken foar. De swierste hie in krêft fan 2,7 op ‘e skaal fan Richter.

Minsken yn it gebiet hearden swiere knallen en fielden harren huzen bewegen. It is de sânde kear yn seis wike tiid dat de grûn by Uthuzen beweecht. It KNMI docht te witten dat de skok sa krêftich wie dat er in “schadebeving” neamd wurde mei. In eardere skok hie in krêft fan 2,3. Dat ferskil liket lyts, mar is dúdlik te fernimmen troch it logaritymyske karakter fan de skaal fan Richter. Trochdat de trillings yn Grinslân ticht by it oerflak sitte, rjochtsje se navenant in soad skea oan.

septimber 25, 2022 20:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.