Hûnderten buorlju by boeren en túnkers op ’e kofje

septimber 27, 2022 08:38

Ofrûne sneon ûntfongen in protte boeren en túnkers troch hiel Nederlân harren buorlju. Boeren Buren rôp earder boeren en túnkers op om in moaie dei mei de buorlju te organisearjen, buorlju by harren thús út te nûgjen en yn petear te gean. Om harren op wei te helpen, koene se fia LTO Noard in fergees pakket bestelle dat harren op wei holp by de organisaasje en oanklaaiing fan Boeren Buorljusdei.

Foto: LTO Noard

LTO Noard-foarsitter Dirk Bruins: “Der wurdt in protte oer de boeren praat, mar minder méi de boeren. Just yn dizze tiid is it fan belang om yn petear te bliuwen. Op it stuit steane boeren en túnkers tige ûnder druk. It is goed om just dan jins omjouwing mei te nimmen yn wat der spilet, perspektiven út te wikseljen en de oar oan te hearren. Hoe lyts ek, dat draacht by oan de ferbining mei de mienskip.”

Baukje Brouwer (32) is melkfeehâldster yn Nijeveen en hat ek oan de aksje meidien. “It wie hiel gesellich. Wy hiene likernôch fyftjin buorlju op besite. We hiene steantafels mei kofje en de buorlju brochten wat lekkers mei. Tafallich binne we ek krekt mei melkrobots begûn en dêr hawwe we foaral oer praat. It wie hiel moai. Takom jier doch ik grif wer mei”, seit Baukje.

Boeren Buorlju
Boeren Buorlju ferbynt de agraryske sektor mei boargers en konsuminten en lit sjen hokker fitale rol oft de boeren en túnkers yn it bestean fan ús allegear hawwe. Boeren Buorlju bestiet no út trije sosjalemedia-akkounts mei persoanlike ferhalen en hat goed 33.000 folgers op Facebook, 8.000 op Instagram en 5.000 op TikTok.

septimber 27, 2022 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.