Hoe’t weardefol toerisme en rekreaasje in nij fûnemint foar in leefbere regio wurde
Resint ferskynd
Skôging troch Martin Cnossen*

Foto © MAKE photography / Marijke van Dekken
Fryslân hie al betiid toerisme. Sawol op de Waadeilannen as om marren en bosken hinne ûntstiene om 1900 hinne de earste foarsjenningen, hotels, campings, havens en sels attraksjes lykas musea en boarterstunen. Mar it wie lytsskalich en net botte yntinsyf. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam dêr feroaring yn en waard in jierlikse fakânsje hieltyd normaler en sa ûntwikkele him yn Fryslân en op de Waadeilannen toerisme al gau.
Anno 2022 is de wrâldbefolking en de Nederlânske befolking bot tanommen. Op dit stuit is toerisme in wichtige ekonomyske pylder en banemotor. Mei 2 miljoen besikers realisearje wy in omset fan goed 1,3 miljard yn it jier, goed 21.000 banen en goed 6 miljoen oernachtingen. De bydrage oan de Fryske ekonomy is grut: goed 7%. En dan mjitte we noch hieltyd lang net alles goed: it effekt is dus nei alle gedachten noch heger.
Undersyk leart ús wol dat toerisme yn Nederlân oant 2030 noch in enoarme ûntwikkeling trochmeitsje sil. In groei fan 50% ynkommend toerisme (bûtenlânske gasten) en 27% binnenlânske fakânsjes wurdt besifere. Dy sifers binne enoarm. De grutte fragen foar Fryslân waarden dêrmei: hokker bydrage kin toerisme leverje oan ús leefberens en ekonomy, hokker gast past dêr it bêste by, wat hat dy nedich en hoe berikke wy dat?
Undertusken steane we ek foar in wichtige transysje. Klimaatferoaring makket dat we oars sjen moatte nei ús footprint. Wy sjogge ek dat leefberens al jierren ûnder druk stiet en dat wurkgelegenheid yn de lanlike gebieten ôfnimt. Hoe past groeiend toerisme yn dy opjefte? Yn Fryslân fetsje wy dat gear ûnder de termen Bestimmingsmanagement en kwaliteitstoerisme. Krekt troch yn te setten op it oanlûken fan besikers dy’t bewust foar Fryslân kieze en dat ek ûnderskiedend meimeitsje wolle, soargje wy dat de sektor in moaie bydrage leveret oan de kwaliteit fan libjen yn Fryslân.
De beëage doelgroep wol genietsje fan ûnderskiedend kultueroanbod en natueroanbod. Dy wol in sûne omjouwing en in lege footprint. Dy wol ûnûntdutsen plakjes. Dy giet mear as ien kear yn it jier op ’en paad, ek bûten it heechseizoen. Troch dêrop yn te spyljen kinne wy it hiele jier troch toerisme stimulearje, it hiele jier troch in stabile wurkjouwer wêze, it hiele jier troch kultureel oanbod programmearje.
Trochdat dy doelgroep sûn, ferantwurde en lokaal iten wol, is dat in enoarme kâns foar de transysje dêr’t de lânbou foar stiet. As wy dy doelgroep goed betsjinje, is bygelyks in ferbining tusken (biologyske) lânbou en hoareka ekonomysk en miljeutechnysk nijsgjirrich. Sa kinne wy yn ’e mande mei ús gasten duorsume ambysjes opdriuwe, ekonomyske effekten ferheegje, wurkgelegenheid fergrutsje en stabilisearje, kulturele programmearring (en dêrmei de sektor) fersterkje en better te realisearjen meitsje, foarsjennings as winkels, fytspaden, kuierrûtes, it ûntsluten fan natuergebieten yn in streamfersnelling bringe. Koartsein, kwaliteitstoerisme draacht by oan de brede wolfeart fan Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje