Henk Wolf – Noarm en ynterferinsje

septimber 14, 2022 08:10

Kollum

Yn de nije bydrage fan Ed Knotter oan syn briefkerij mei Jan Breimer stiet in tinkflater dy’t in heel soad makke wurdt, ek by minsken dy’t trochkrûpt binne yn taalûnderwiis. Omdat er wichtich is foar de noarm dy’t dosinten oanlizze, wol ik him hjir efkes eksplisyt meitsje en taljochtsje.

As ik Ed goed begrepen ha, dan wyt er in ferskate ôfwikingen fan de noarm oan ynterferinsje. Oars sein: as minsken oars Fryskprate as hoe’t de boekjes it foarskriuwe, dan soe dat komme trochdat der stikjes Nederlânsk yn har Frysk slûpe.

Echte ynterferinsjes

No is der gjin mis op dat soks in protte foarkomt, dêr hat Ed gelyk oan. Men kin der net omhinne dat minsken dy’t “in patatsje wolle ite” dat ûnder ynfloed fan it Nederlânsk dogge. Dat jildt ek foar minsken dy’t in frommeske simpelwei ‘Kaag’ neame, sûnder foarnamme of ‘frou’ derfoar, krekt lykas foar minsken dy’t sûn fan lippe en tonge binne en likegoed it tipke fan ‘e tonge net brûke om de R út te sprekken.

Foar de measte ôfwikingen fan de noarm dy’t Ed neamt, jildt dat lykwols net. Ofwikingen fan de noarm binne gauris âlder as dy noarm, taalnoarmen binne gauris keunstmjittige ferienfâldigingen fan de al besteande taalwerklikheid.

Ferlingd

It jildt yn alle gefallen foar it mulwurd ferlingd. Wier: Frysker.nl jout as oersetting fan verlengen inkeld mar ferlingje. Dat is in je-tiidwurd en sokke je-tiidwurden ha neffens de learboeken in mulwurd op in -e: ferlinge yn dit gefal. Allinnich is dat net it hele ferhaal. Men hoecht mar yn de griene wurdboeken fan de Fryske Akademy te sjen om derachter te kommen dat njonken it je-tiidwurd ferlingje ek it e-tiidwurd ferlinge bestiet. Dat hat as mulwurd ferlingd en dat wurd komt men yn it Frysk al withoelang tsjin. Yn 1968 fertelt Sjouke Kooistra bygelyks oan Dam Jaarsma: “Dêr is de Griene Wei, dat is it ferlingde fan ‘e Spekloane.” Kooistra is fan 1906. Sjirk Frans Kuipers (bertejier 1917) skriuwt yn 1944: “Forskate wegen komme fen wearskanten heaks op ‘e dyk oanrinnen, mar rinne net yn inoars forlingde.”

Dêr komt by dat de bûgingen fan de je-tiidwurden sa’t se yn de boekjes steane de werklikheid net goed beskriuwe: dy fan no net en dy fan âldere fazen fan it Frysk ek net. Yn it Aldfrysk hienen regelmjittige je-tiidwurden mulwurden op -ed. Dy -d is yn it Westerlauwersk Frysk yn de measte gefallen ferdwûn, mar net altyd. It is noait goed útsocht, mar it liket derop dat foaral by eigenskiplik brûkte mulwurden fan lange je-tiidwurden de -d noait út de taal ferdwûn is. De Halbertsma’s skriuwe bygelyks “twa keppelde bisten” en it “boeretsjerkhôf” yn Ljouwert hyt yn it Frysk sûnt jier en dei “de ferlingde Skrâns”.

Ferjitten

It mulwurd ferjitten hat der yn it Frysk ek altyd al west. Dy’t yn de justjes âldere ferzjes fan it Afûk-boekje Tiidwurden sjocht, fynt dêr dat fergetten en ferjitten beide yn it Frysk foarkomme. It Wurdboek fan de Fryske Taal jout dy ynformaasje ek. De Halbertsma’s skriuwe yn de 19e ieu: “howol dat alles nou forjitten en forjown wier” en sels as men nei it Aldfrysk sjocht, fynt men beide mulwurden neistinoar. Sa stiet yn in Fryske tekst út 1481: “Alle secken schillet daed ende forietten wezza” en yn in tekst út 1494 stiet: “thet der skiet wert forgeethen”. It Frysk yn Dútslân hat sels allinnich de mulwurden mei in j- oan it begjin beholden: It Noardfrysk hat it ferjeese-ferjätj-ferjin en it Sealterfrysk hat ferjete-ferjiet-ferjeten.

Ynterferinsjes kin men sachs wat op tsjin ha, om’t se de taal feroarje, mar alle ôfwikingen fan de noarm út de learboeken binne gjin taalferoaringen, lit stean fan ynterferinsjes. Dy noarm is foar in grut part sels in besykjen om de taal te feroarjen troch it besteande ferskaat te beheinen.

septimber 14, 2022 08:10
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Lútsen septimber 16, 06:50

    Foar twadde-taallearders is it rike ferskaat oan fariaasjes lykwols betiizjend. Hja hawwe mear ferlet fan hâldfêst as earste-taalpraters, netwier? Dy lêsten putte gauris út it dialektyske ferskaat. Dêrom is de foarkarswurdlist nuttich, nei myn betinken. Twadde-taalpraters binne hyltyd mear ek jonge Friezen en dy wolle har rjochtsje nei in noarm. Lossere noarmen kinne wy ús hjoeddedei net mear feroarloovje, bin ik bang.

  2. Abe de Vries septimber 17, 19:05

    Och ja. Wy ferniele – plestifisearje – ús taal as tsjinst oan de ‘twadde-taallearders ynstee fan har foar neffens eigen ferlet te behoffenjen. Ik lykwols lit it ûnderwizerspraat foar wat it is en skriuw sa’t de bêste skriuwers ûnder ús it dien hawwe en it ús tastean: sa’t it my útkomt en ynfalt, binnen de grinzen fan de wiidfiemjende tradysje dy’t de moaiens fan ús taal útmakket. En wat is ûnderwiis dat gjin fariaasje leare kin? En wat te tinken fan ûnderwizers dy’t miene dat har learlingen net in bytsje fariaasje oankinne? Stop de kealslach. Easkje lesoeren.

  3. Henk septimber 18, 14:38

    Ik begryp dat argumint fan dy twadde-taallearders ek noait sa goed. As ik it pianospyljen lear, is it grutte ferskaat oan ynterpretaasjes betiizgjend, sels fan de ienfâldichste ferskes. Leart ien it autoriden, dan is it grutte ferskaat oan auto’s foar sa’n ien likegoed betiizgjend. Moatte alle muzykstikken dêrom gelyk útfierd wurde of moatte auto’s dêrom krekt-en-gelyk makke wurde?

    Dat is wat oars as dat jo de didaktyk fan de leechstoarte ôffalamer brûke. Fansels lit de pianolearaar syn learling earst mei ien partituer oefenje. Fansels hast rydles yn ien auto. It ferskaat learst letter wol. En myn earste Für Elise hoecht dy fan myn buorfrou net te wêzen, de lesauto fan myn buorfamke hoecht dy fan har nichtsje net te wêzen. Ast se mar fia berikbere treedsjes de trep op klimme kinne nei de wrâld fan betûfte pianisten, betûfte autoriders, betûfte Fryskpraters.

  4. Ed septimber 20, 16:24

    Bêste Henk,

    tank foar dyn krityske reaksje. It docht my deugd dat de briefkes fan Jan en my goed lêzen wurde.
    Yn myn lêste stikje (Briefkje 30) gie it om ynterferinsjes, dêr’t ik de taalnoarm fan it Frysk tsjin beskermje wol. Njonken de aardige foarbylden dy’tsto joust fan in syntaktyske, in pragmatyske en in fonologyske ynterferinsje is der fansels folle mear ynfloed op ús taal. Dy ynfloed hoecht net altyd negatyf te wêzen. Lienwurden en lienoersettings kinne de taal ferrykje. Mar posityf of negatyf – it is mar hoe’t men dernei sjocht – hast altyd sil dy ynfloed gefolgen hawwe foar de taalnoarm. En dat betsjut in feroaring, mei dyn eigen wurden gauris keunstmjittige ferienfâldigingen fan de al besteande taalwerklikheid. Dêr setsto in punt, mar myn redenaasje giet dêr fierder: dy feroaringen (bewust ynfierde is faaks in bettere typearring as keunstmjittige) bewurkmasterje in wiziging yn de taalwerklikheid. In noarm stiet nea foar altyd fêst en dêrmei de taalwerklikheid ek net. Elke noarm sil hieltyd wer op ’e nij besjoen, oanpast en definiearre wurde moatte. Men soe der dochs ek net oan tinke wolle dat de etyske noarm út ’e midsiuwen no noch jilde soe.

    De taalnoarm oanpasse op grûn fan âlde taalfoarmen liket my net logysk. Do neamst hiel nijsgjirrige foarbylden fan eardere taalfoarmen dy’t de ‘taalflaters’ fan no rjochtfeardigje soenen. Mar de measte fryskpraters fan no hawwe dêr gjin weet fan en sille dêr alhielendal net by stilstean. It wurd taalflaters tusken skrapkes ymplisearret in taalnoarm. Mei’t taal in libben meganisme is, is de taalnoarm dat ek. No haw ik it gefoel, Henk, dat wy dêr justjes ferskillend oer tinke, mar wy sille it der wol hieltyd oer hawwe moatte. Ofsjoen fan persoanlike opfettings is der ferlet fan in algemien brûkbere taalnoarm yn it belang fan it ûnderwiis en de twadde-taallearders, sa’t Lútsen yn syn opmerking oanjout.

    De foarkarswurdlist is foar de twadde-taallearder nuttich en foar it oerlibjen fan it Frysk needsaaklik. It is sûnder mis wier dat in noarm foar in grut part sels it besteande ferskaat beheint en dat jildt ek foar de foarkarswurdlist. Wy, do en ik, fine dat spitich, want wy hâlde fan it rike ferskaat. Mar yn it ûnderwiis is it sûnder dy beheining amper mooglik om noch learlingen te motivearjen. Op skoalle en yn oare learsituaasjes wurdt altyd wer de fraach steld wat no winliken goed is en dan wurket ien dúdlik antwurd it bêste. Dat wie by oare talen ommers ek sa.
    Boppedat docht altyd wer bliken dat Afûk-kursisten it leafst wurden en regels hearre wolle dy’t ôfwike fan it Hollânsk. Se leare ommers in nije taal. In grutter ferskil, distânsje, tusken Frysk en Hollânsk is ek yn it belang fan de taal (it Frysk) sels. Wat mear oerienkomsten tusken de beide talen, wat grutter de mooglikheid ta dialektisearring. Fersterking fan it Fryskeigene (distânsjebegjinsel) stipet de oerlibbingskâns fan de taal.

  5. Henk septimber 20, 19:00

    Goeie, Ed!

    Neffens my ha twa belangrike ûnderwerpen op it kleed. As earste wat jim yn jim stikje skriuwe en myn reaksje dêrop. Ik ha net perfoarst wat op in noarm tsjin, mar ik tink dat it myn taak is om minsken te ynformearjen oer oannamen oer dy noarm. As minsken foarmen mije omdat se miene dat it ynterferinsjes binne en ik wit dat it dat net binne, dan wol ik graach dat se dat witte. Oft se dy yn prinsipe goefryske foarmen dat doch mije wolle, bygelyks om te distansjearjen, dan stiet dat har fansels frij, mar dan is it in kar op basis fan kennis, net op basis fan ferkearde oannamen.

    Dan watst letterop skriuwst en wat tink in reaksje is op wat Lútsen en ik dêrfoar skriuwe. Fansels hat noarm in funksje, ek in noarm dy’t de werklikheid wat geweld oan docht. Dêr bin ik net op tsjin. Allinnich moatte wy wol yn de gaten hâlde dat dat net in noarm foar elkenien is, mar inkeld in noarm foar de begjinnende net-Frysktalige learder fan it Frysk. Lykas yn alle taalgebieten moatte jo ienfâldich fan ein gean. Binne jo wat fierder, yn ERK-termen op it B1-nivo, dan wurde jo in selsstannige brûker en dan dûke jo de taalmienskip yn dy’t syn eigen eigensinnige taaldingen docht. Dêr heart dan in bredere noarm by. Binne jo Frysktalich, dan ha jo der ek altyd gjin ferlet dat in boekje jo fertelt dat jo Frysk net goed is. It is tink sels emansipearjend om tsjin minsken te sizzen dat har eigen taal der wêze mei. Op syn heechst kinne jo tsjin sokken sizze dat guon foarmen yn de skriuwtaal net sa gebrûklik binne. Kinne jo al Frysk prate en skriuwe, dan ha jo helendal gjin ferlet fan in keunstmjittige noarm, dan groeie jo derop ta dat jo sels in noarm fêststelle kinne.

    De foarkarslist kin foar dy earste groep, de begjinnende net-Frysktalige learder fan it Frysk, bêst in rol spylje. Dêr soe ik net op tsjin wêze, al soe ik him sels net brûke. Foar dy oare groepen dy’t ik neamde is er lykwols net geskikt. It idee dat der ien, ienfâldige noarm foar elk is – net-Frysktalige begjinners, net-Frysktalige trochsetter, Frysktalige begjinnende skriuwers, Frysktalige betûfte skriuwers, docht gjin rjocht oan de taal of oan de taaldidaktyk as wittenskiplik ûnderboude dissipline.

  6. Ed oktober 1, 11:31

    Hoi Henk,

    Noarm en ynterferinsjes, dêr wrakselje wy mei.

    Sûnder noarm kin it net. Wa’t ferstien wurde wol, docht der goed oan om him yn syn taalgebrûk oan in algemiene noarm te hâlden, in noarm dy’t op logyske grûnen troch saakkundigen fêsteld is. Dêr sil dochs in soad ienriedigens oer wêze moatte? As we it net yn grutte halen mei-inoar iens binne oer de noarm, wurdt kommunikaasje wol hiel dreech. Ik haw ris ien heard dy woe derop ta dat as der hûndert taalbrûkers wienen, der ek hûndert noarms fan dy taal wêze moasten. Elk syn eigen noarm. Mar hoe ‘normaal’ bist dan noch? Normaal foar de iene is dan wat oars as foar de oare. Dat liket neffens my op noarmleazens.
    Lestich, hear. Mar ik hâld wier wol fan fariaasje. Sa’t elk syn eigen spraakorgaan en klankkleur hat, sa hat elk ek de mooglikheid en de frijheid om de taal op syn eigen wize te brûken. Dat is ommers mear in kwestje fan styl as fan taalsuverens. Sûnder kreativiteit op taalmêd soe it in deade boel wurde en dichtkeunst suver ûnmooglik. Mar om inoar net mis te begripen, is in beskate noarm needsaaklik.

    By ynterferinsje tink ik al gau oan taalkontakt. Minsken mei in ferskillende taal hearre inoar praten en nimme wurden faninoar oer (ynterferinsje docht him neffens Tony Feitsma foar 90% op leksikaal nivo foar). Dat is aktuele ynfloed. Ynfloed út it ferline komt my nuver foar. Ik bedoel dit: as ien dy as betreklik foarnamwurd brûkt (yn stee fan dy’t), sil er dochs net beweare dat er dat docht om’t it lang lyn in gongbere Fryske foarm wie (by de Halbertsma’s). Dat kin er net as er, lykas de trochsneed Fryskprater, dêr gjin weet fan hat.
    It binne tige nijsgjirrige foarbylden dêr’tsto mei oantoane wolst dat (hiel) âlde wurden dy’t yn it Frysk normaal wienen no op in oare wize yn ’e taal werom skine te kommen. Moai om te witten, mar net om dêr de tsjintwurdige taalpraktyk mei te belêstigjen. Dy hat mear oan in stevige noarm.

  7. Henk oktober 1, 14:34

    Goeie, Ed,

    Wy fiere no in dûnske út dat al mear as hûndert jier troch heeltyd wikseljende dûnspartners útfierd wurdt. Do seist wat al tsientallen kearen sein is, nammentlik dat minsken in noarm nedich binne om inoar te ferstean. Ik jou dy it fêste antwurd dat yn it Westerlauwerske Frysk in noarm helendal net nedich is om inoar te ferstean. Der hat noait in sprektaalnoarm west foar it Westerlauwersk Frysk en Friezen út Balk en Wierum begripe inoar oer it generaal prima. Dy inkelde kear dat it misgiet, bygelyks doe’t ik yn in Balkster supermerk frege wêr’t de ‘grjinte’ lei, is it net in opleine noarm dy’t foar dúdlikens soarget, mar in lytse, minsklike ynteraksje. Sa wurket it oer it generaal mei taal, it komt mar selden foar dat minsken har nei in eksterne noarm rjochtsje, alhelendal yn it praten. Ynstee hannelje se ûnderling wat út yn in proses dêr’t de iene wat mear ûnderhannelingsromte hat as de oare. In kursist sil him bygelyks earder oan ús oanpasse as oarsom om, in bern sil him earder oan heit of mem oanpasse as oarsom om, it suertsje yn de groep earder oan de stoere bink ensfh. It is de taalsosjologyske kant fan de sosjology. Freegje Reitze Jonkman mar ris, dy hat dêr it ien en oar oer publisearre.

    Typysk Frysk binne sokke sosjale noarmen net. Yn it Nederlânsk hâlde minsken har yn it praten ek net allegear oan betochte noarmen. Foar it ferstean hoecht dat ek net: ‘hun lopen verder als mij’ is ek foar de grutste noarmleafhawwer begryplik, hoe’t er him der ek oan steure mei. Noarwegen is tink it moaiste foarbyld: dêr is gjin algemiene sprektaal, elk praat der syn eigen dialekt, krekt as yn Fryslân – en de inkelde kear dat der betizing ûntstiet, wurdt der efkes ûnderhannele.

    De âlde foarbylden dy’t ik yn myn taalsnipel neam, binne gjin wurden dy’t fuort west ha út it Frysk en no wer weromkomme. Ast dat tinkst, dan haw ik myn ferhaal net dúdlik genôch opskreaun. Dy foarmen ha der altyd west, se ha noait fuort west út it Frysk. Noarmmakkers ha wol besocht om se derút te krijen, leararen ha se te’n ûnrjochte as hollandismen bestimpele, mar dat feroaret der neat oan dat de mulwurden ‘ferlingde’ en ‘ferjitten’ altyd diel útmakke ha fan it Frysk.

    Yn dyn redenaasje oer it betreklik foarnamwurd nimst oan dat der tusken de Halbertsma’s en ús tiid generaasjes west ha dy’t ‘dy’ net mear as betreklik foarnamwurd brûkten, oars sein: dat alle Friezen ‘dy’ op in stuit foar ‘dy’t’ ynruile ha. Dêr binne lykwols helendal gjin oanwizingen foar.

    Sterker noch: der binne sterke oanwizingen foar dat ‘dy’ en ‘dy’t’ al in moai skoft neistinoar besteane. Waling Dykstra neamt yn 1900 beide foarmen yn syn wurdboek (mei ‘dy’ as earste). Sytstra en Hof dogge dat ek yn har grammatika fan 1925 en yn dialektûndersiken út de jierren 1950 en 1960 wurde beide foarmen ek fûn. De âldste foarm, ‘dy’, is nei alle gedachten noait folslein ferfongen troch de nijere, ‘dy’t’.

    Wat mooglik al ynterferinsje is, is de frekwinsje fan betreklike bysinnen. Ast Fryske folksferhalen lêst of de dialektopnamen fan it Meertens beharkest, dan komst net folle betreklike bysinnen tsjin. Ynstee dêrfan sjochst folle faker in njonkenskikte sin mei in werheljend foarnamwurd: “Der wie ris in man, dy hie twa soannen” of “Der wie ris in pear moai jierrige minsken en dy hiene ien ko”. As ien syn Frysk ticht by dat fan de 19e en betide 20e ieu hâlde wol, kin er him better nei dy noarm rjochtsje as de keunstmjittige noarm fan de Afûk oerninmme.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.