Henk Wolf – Kening Karel

septimber 9, 2022 17:35

Kollum

Hoe hyt de kening fan België? It is mar krekt yn hokker taal oft men dy fraach stelt. Keningsnammen binne nammentlik gauris oersetber. Yn Nederlânsktalige dokuminten wurdt de man Filip neamd, of folút: Filip Leopold Lodewijk Maria. Yn it Frânsk is syn namme Philippe of Philippe Léopold Louis Marie. It Frysk folget almeast it Nederlânsk, de measte oare talen it Frânsk, alteast as se skreaun wurde yn ús Latynsk alfabet.

De prins fan Wales hiet as jonkje yn de Nederlânsktalige media noch wol Karel, mar mei it ferstriken fan ‘e tiid is dat stadichoan Charles wurden, sa’t er yn it Ingelsk ek neamd wurdt. Foar in prins is dat al in feroaring, mar no is de goeman ynienen kening wurden fan allegear riken, lykas it Feriene Keninkryk, Nij-Seelân, Australië, Papoea-Nij Guinea, Kanada en noch in lange rige mear. Yn de Ingelsktalige dielen fan dat ryk wurdt er Charles the third neamd, yn de Frânsktalige, lykas Montréal, Charles le troisième. Hoewol’t de skriuwwize it net sjen lit, is de útspraak fan Charles yn beide talen ûngelyk. Sawol yn it skriuwen as yn it praten oars dogge it de Spaansktaligen, dy neame de nije kening Carlos tercero. En de Poalen neame him Karol trzeci.

De mem fan de nije kening waard yn it Ingelsk Elizabeth neamd en yn it Frânsk Élisabeth. Yn Dútsktalige media waard se almeast Elisabeth neamd, yn de Spaansktalige Isabel en yn it Sloveensk hyt se fan Elizabeta. De tradysje om nammen fan keningen en keninginnen oer te setten stiet yn in protte taalgebieten dus noch stiif op ‘e beide fuotten.

It liket derop dat de Nederlânsktalige media brekke mei dy tradysje: hast allegear neame se de nije kening Charles III. Inkeld Geen Stijl hat it oer Karel de derde. Dat is fansels spitich en it is ek net logysk, want dy beide foargangers mei deselde foarnamme wurde wol Karel neamd: in Karel I, Karel II en Charles III is fansels in nuver rychje.

In protte minsken sille úthâlde dat jo nammen net oersette kinne, alteast dy ûnderfining haw ik as dosint opdien. Dat is fansels net wier. Wat de Frânsktaligen Médecins sans frontières neame, neame de Nederlânsktaligen Artsen zonder grenzen. Wat yn de Volkskrant de NAVO neamd wurdt, hyt yn Le Monde de OTAN. Wy sizze Spanje en de Spanjerts meitsje der España fan. De stêd Grunnen wurdt yn it Hollânsk Groningen en yn it Frysk Grins neamd, Carolus Magnus is ôfhinklik fan de taal Karl der Große, Charlemagne of Karel de grutte. Ik kin in Fryske Hindrik dy’t him yn Amearika Henry neame liet en wy ha Sineeske buorlju hân dy’t yn it Sineesk folslein oare nammen brûkten as yn it Nederlânsk.

Foar keningen en keninginnen is it ek net ûnlogysk om har nammen oer te setten, dy hawwe net samar in flachje dat de lading dekke moat. Se wurde net nei in sjongeres of in fuotballer ferneamd, se krije gjin fantasynamme dy’t heit en mem moai fine, mar se drage in namme út in lange tradysje. Almeast is dat ek in namme dy’t op in midsieuske of bibelske tradysje weromgiet en in dúdlike betsjutting hat. Elisabeth is in Hebrieuske namme dy’t soks as ‘Ik swar by God’ betsjut. Karel is in Germaanske namme, dy’t soks as ‘frije man’ betsjut. Dy âlde, betsjuttingsfolle nammen hawwe yn allegear talen eigen foarmen krigen.

De Frysktaligen moatte noch betinke wat se dogge as se oer de nije kening fan Kanada (en dy oare lannen) prate. De Frysktalige media berjochtsje net wiidweidich oer de man, dat dy binne wat minder stjoerend. It maklikste en meast foar de hân lizzende senario is om simpelwei it nije Nederlânske Charles oer te nimmen, mar fêsthâlde oan de tradysje en der Karel de tredde fan meitsje is in mooglikheid dêr’t ik yn alle gefallen op wiisd ha wol.

septimber 9, 2022 17:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cees K. septimber 27, 11:24

    Moai stikje, en ik kin my der ek wol in fine.

    Mar dan tink ik ek altyd wer: wêrom fine in soad Friezen dan dochs dat Hollânsktalige teksten de Fryske namme ‘Fryslân’ perfoarst brûke moatte (en ek dogge, want it falt my altyd op as in soartefan tekstuele pûst) ynstee fan de prima Nederlânske foarm ‘Friesland’. Ik skriuw dochs ek net ‘Nederland’ yn in Frysktalige tekst?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.