Heechmoed (folksferhaal)

septimber 3, 2022 09:00

Aldeboarn. Foto MV

Neigeraden yn ’e rin fan de iuwen der hieltyd mear minsken op de wrâld wenje falle de haadsûnden lang om let mear op as de deugden. Mear, mear en mear as de oaren, mar ek grutter en heger. Sjoch mar nei gebouwen yn bygelyks Dubai, Amearika en Azië. Alderhande projekten fan prestiizje.

Dat lit my deroan tinke – no yn de tiid fan de gondelfeart yn Aldeboarn – dat de ynwenners dêr de bynamme fan tuorkemjitters hawwe. Dat hat dermei te krijen dat de âlde toer yn de santjinde iuw troch swier waar en wjerlocht tige skansearre wie. De ynwenners hiene it heech yn it krop, der moast net allinnich in nije toer komme, mar it moast ek de heechste fan Fryslân wurde, yn alle gefallen perfoarst heger as de toer fan Tsjom mei syn 72 meter.

Dat sadwaande setten wat tsjerklike pommeranten nei Tsjom ta en kuieren dêr wat yn it doarp. Sa kamen se fansels ek by de tsjerke en fregen se de koster oft se deryn mochten om dy moaie tsjerke fan binnen te besjen. Dat wie gjin probleem en de koster joech de kaai mei.

Tsjom. Foto MV

Fluch rûnen se hielendal nei boppen ta nei de top fan de toer. In tsjerkfâd liet in lange line sakje en wol bûtenom by de muorre del mei in gewicht dêroan. Op dy wize wisten se de hichte fan de toer.

Mar de Tsjommers wiene al yn ’t foar op ’e hichte fan de snoade plannen en de koster en syn frou nûgen de Boarnsters út foar kofje en letter in romer, dat it wie poer gesellich. Mar ûnderwilens waard it tou út de jas helle en waard der in moai ein fan ôfknipt. De Boarnsters hiene der gjin euvelmoed yn en giene werom nei harren doarp en waarden mei in jûchhei ferwolkomme.

Uteinlik die bliken dat de nije toer yn Aldeboarn dochs twa meter leger wie as dy fan Tsjom, dat it wie foar harren fansels in grutte teloarstelling.

Fan dy tiid ôf hjitte de Boarnsters tuorkemjitters en de Tsjommers lyntsjesnijers.

Koartsein, koartsichtich en klienhertich hâlden en dragen wurdt lokkich net altyd beleanne.

Matthijs Verkuijl

septimber 3, 2022 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.