Grutte fiskedea yn Oder is wer oer
Resint ferskynd

It is wer klear mei de oerdiedige stjerte fan fisken yn de Dútsk-Poalske grinsrivier de Oder. Likefolle wat derefter de grutte fiskedea stiek, de situaasje is al in pear dagen wer sa’t er wie. De Poalske plysje hat de lêste wiken gâns yllegale útwetterings yn de rivier fûn en tichtmakke. Wittenskippers eanje dat dy stoffen yn de rivier spuiten dêr’t fergiftige algen tige fan begûnen te wreidzjen en dat dy wer makke hawwe dat der ynienen safolle fisken om in luchtsje giene. Wissichheid is der lykwols noch net oer it krekte hoe en het.
Begjin augustus foel foar it earst op hoe’n soad fisken oft dea boppe wetter kamen. Dútslân wiisde Poalen as skuldige oan en yndied waarden yn Poalen gâns wantastannen ûntdutsen.
Dat de fisk net mear by it soad ferkommeret, betsjut net dat de rivier wer in heilsum fermidden foar planten en bisten foarmet. Hoewol’t lytse krabben dy’t as proef yn ‘e rivier smiten binne, it libben hâlde, kin it wêze dat it natuerlik miljeu fan de rivier noch lang fersteurd bliuwt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje