Grinzer Museum keapet seldsum skilderij fan Ploeg-keunstner H.N. Werkman
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
It Grinzer Museum hat in topstik oankocht fan Hendrik Nicolaas Werkman (1882-1945). Werkman makke it skilderij ‘Twee ruiters tussen bomen’ yn de lêste jierren fan syn libben om 1939 hinne. Trochdat in protte fan syn wurk oan ’e ein fan de oarloch ferlern gien is, is it skilderij bysûnder en seldsum en in grutte oanwinst foar de museumkolleksje. De oankeap is mooglik mei stipe fan de Stichting Beringer Hazewinkel en de Feriening Freonen fan it Grinzer Museum. Meikoarten is de nije oanwinst yn it Grinzer Museum te besjen.

Foto: ©Siese Veenstra
Famyljebesit
It skilderij wie eigendom fan Wiert Hendrik (Hein) Leemhuis; sels keunstskilder en lid fan De Ploeg, ek sakeman en ien fan de oprjochters fan winkelketting De Spar. Leemhuis kocht it skilderij nei alle gedachten yn 1940. It bysûndere wurk hat dus net altyd yn it besit fan de famylje west. De neiteam fan Hein Leemhuis oerlange it skilderij op 27 septimber oan direkteur Andreas Blühm en konservator Nadia Abdelkaui.
‘Twa ruters tusken beammen’
It skilderij út sirka 1939 toant Werkmans foarleafde foar hynders, in motyf dat yn in protte fan syn keunstwurken weromkomt. Utsprutsen kleurgebrûk en de kleurlagen yn flakken binne typearjend foar Werkman, dy’t foaral ferneamd waard as grafikus en printer. Yn syn printen eksperimintearre er mei ferskate printtechniken en ûntwikkele er syn eigen styl. Fierder ken men syn wurk werom oan de frije, abstrakte byldtaal, dêr’t noch wol bekende foarmen yn te sjen binne.
De keunstner H.N. Werkman
Hendrik Nicolaas Werkman waard yn 1919 lid fan de keunstersferiening De Ploeg, dy’t in jier dêrfoar oprjochte wie. Hy naam geregeld diel oan Ploegútstalingen en fersoarge it printwurk foar de feriening. Op 13 maart 1945 arrestearre de Sicherheitsdienst him, mooglik fanwege syn kontakten mei útjouwerij De Bezige Bij, dy’t anty-Dútsk printwurk publisearre. Werkman is op 10 april 1945 mei njoggen oaren yn Bakkefean fusillearre. Syn yn beslach nommen skilderijen en printen waarden nei it Scholtenhûs yn Grins brocht, dêr’t se spitigernôch by de befrijing fan Grins op 15 april 1945 ferlern gien binne. Dêrtroch hat it wurk fan de keunstner njonken artistike kwaliteit ek in grutte keunsthistoaryske wearde. It makket ‘Twa ruters tusken beammen’ in bysûnder en seldsum wurk en in grutte oanwinst foar de kolleksje fan it Grinzer Museum.
De Stichting Beringer Hazewinkel en de Feriening Freonen fan it Grinzer Museum makken de oankeap finansjeel mooglik. It skilderij sil meikoarten yn de fêste kolleksje-útstalling fan De Ploeg te sjen wêze.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje