Grins is ien grutte drugsstêd

septimber 7, 2022 15:54

Grinzers spuitsje, snuve en smoke yllegaal guod dat it sta seit. It gebrûk fan drugs yn de stêd is te ferlykjen mei dat yn Amsterdam. It stedsbestjoer wurdt rare kjel fan de ûntdekking.

Undersyksburo KWR hat yn maart in wike lang alle dagen it rioelwetter fan de Grinzers ûndertaast. Dat waard dien yn in wike dat der gjin grutte festivals wiene dy’t in ferkeard byld jaan koene, mei’t der dan in protte frjemdfolk is en der nei alle gedachten ek mear raar guod brûkt wurdt.

Net inkeld yn Grins waard it ûndersyk útfierd, mar yn stêden rûnom yn Nederlân. Amsterdam, Rotterdam en Grins kipten derút. Wethâlderske Manouske Molema fan Grins seit dat de boargemaster en wethâlders soks net ferwachte hiene en dat hja tige skrokken binne fan it nijs. Wol slút it nijs oan by earder ûndersyk dat der yn Grins navenant in soad misdie is. Hja seit: “Groningen heeft misschien wel heel lang gedacht een provinciestad te zijn zonder dit soort problemen, maar die problemen spelen hier wel degelijk.”

It stedsbestjoer wol de saak net sloere litte. Neffens frou Molema moatte der “zowel preventieve als repressieve maatregelen” komme om minsken fan de drugs ôf te bringen. De gemeente wol saakkundigen fan it Trimbos Instituut en Verslavingszorg Noord-Nederland freegje om út te sykjen wat dêr de bêste manier foar is.

septimber 7, 2022 15:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.