Gemeente Ljouwert en Arcadia slute by de European Festival Association oan

septimber 18, 2022 08:24 Fernijd

Wethâlder Hein Kuiken hat út namme fan de gemeente Ljouwert op tiisdei 13 septimber yn Yerevan, Armenië, de EFFE-oerienkomst tekene. De ‘Europe for Festivals, Festivals for Europe’ (EFFE)-oerienkomst is in inisjatyf fan de European Festivals Association (EFA).

F.l.n.r. Sjoerd Bootsma (Arcadia), Jan Briers (EFA), Hein Kuiken (wethâlder gemeente Ljouwert) en Immie Jonkman (Arcadia) (foto: Gemeente Ljouwert)

De oerienkomst is ûntwikkele yn gearwurking mei ferskate Europeeske festivals en stêden, mei dêrûnder Ljouwert. It is in soarte manifest fan en foar stêden dy’t as rjochtline foar harren evenemintebelied brûkt wurdt. Ferline jier is de ôfspraak op papier set troch ferskate festivalmienskippen en stêden, de saneamde lûkers fan de oerienkomst: Bergen, Belgrado, Edinburgh, Gent, Krakau, Ljubljana en Ljouwert.

Mei’t Arcadia lid wurden is fan de EFA, is Ljouwert mei in delegaasje fan Arcadia yn Yerevan. Arcadia wol foar syn folgjende triënnale yn 2025 sterker op Europeeske gearwurking (en Europeeske finansiering) ynsette. In lidmaatskip fan de EFA draacht dêroan by.

European Festival Academy (EFA)
De EFA is yn 1951 oprjochte om festivals byinoar te bringen om dialooch, netwurk en gearwurkingen dy’t oer grinzen hinne gean te kreëarjen. EFA’s missy is it befoarderjen fan ynterkultureel begryp en ynternasjonale gearwurking troch útwikseling fan keunst, ideeën en ûnderfining fia festivals en eveneminten. Op it stuit ferbynt de EFA likernôch hûndert festivals en festivalferieningen yn fjirtich lannen yn ’e wrâld.

De EFFE-ôfspraak
De EFFE-oerienkomst slút oan op it festivalbelied fan de gemeente Ljouwert en moat soargje foar in stevigere ferankering en ferdjipping dêrfan. Ljouwert stipet dêrmei in rige útgongspunten dêr’t de measte fan al yn it eveneminte- en it kultuerbelied fan de gemeente ynbêde binne. Dy útgongspunten binne rjochte op in yntegrale wurkwize fan festivals en eveneminten, in goede balâns tusken toerisme oan ’e iene kant en it belang fan de ynwenner oan ’e oare kant en it achtslaan op Europeeske wearden yn it oanbod fan festivals, lykas ynklúzje, demokrasy, gelikensens, duorsumens, kreativiteit en ynternasjonalisearring.

De EFFE-oerienkomst is hjir del te heljen: www.efa-aef.eu/en/initiatives/effe-seal-for-festival-cities-and-regions.

 

septimber 18, 2022 08:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.