Gelok

septimber 16, 2022 07:31

Dit ferhaal giet net oer gelok as gefoel fan wolbehagen, mar oer in útdrukking by de ferkeap fan kij en oar fee op in merk. De keap is dan úteinlik sletten mei hantsjebakken en in krêftige mûnlinge befêstiging: GELOK.

Feehannel

Foto MV, makke op de útstalling yn it Frysk Lânboumuseum

Iuwen tebek wiene der yn Fryslân in soad feemerken. Yn 1500 wie der sneons al in plak fan hannel yn Ljouwert. Nettsjinsteande de pestsykte, oarloggen en oerstreamingen, prosessen en sels in brân yn 1996 hold de merk dêr stân.

Troch ekonomyske omstannichheden waard it oantal feemerken sa stadichoan lykwols lytser. Nei it ferdwinen fan de feemerken yn Snits en Wolvegea bleau allinnich Ljouwert oer, earst yn de binnenstêd fuort by it stasjon, letter yn de Fryslânhal respektyflik it WTC oan de Heliconwei.

Yn 2001 bruts yn Nederlân tongblier út, mei as gefolch dat it de nekslach foar in soad feemerken wie. Foar it grutte fee koene allinnich dy yn Purmerend en Ljouwert de holle boppe wetter hâlde. Ferline jier hat de merk syn plak fûn oan de Siriuswei op it bedriuweterrein Himrik. Dy is hast alle woansdeitejûns iepen.

Utstalling

Foto MV, makke op de útstalling

Op dit stuit is der in nijsgjirrige útstalling yn it Frysk Lânbou Museum, dêr’t de skiednis fan de feehannel prachtich yn byld brocht wurdt mei fotodokumentaasjes en films dy’t uitlis jouwe oer ark, reau en ferfier, mar ek oer de hannelers sels en de omjouwing fan de merken mei de hoareka ensfh. De útstalling rint oant en mei oktober.
Fansels binne der yn it museum ek oare saken dy’t mei de kultuer en de skiednis fan it boerelibben te krijen hawwe. Sa is der no bygelyks in tydlike eksposysje oer jern en wurde der yn de takommende tiid ûnderskate wurkateliers organisearre.

Koartsein, alderhande aktiviteiten yn dit moaie gebou oan de súdlike râne fan de haadstêd. Adres: Felling 6, Ljouwert, telefoan 0511-539420.

Ynformaasje: www.frieslandbouwmuseum.nl mei u.o.de iepeningstiden.

Op de thússide: it Lânboumuseum, foto MV

Matthijs Verkuijl

septimber 16, 2022 07:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.