Gebrûk antydepressiva ûnder jonge froulju flink tanommen
Resint ferskynd
It tal jonge froulju dat antydepressiva nimt, is yn ’e koroanatiid flink tanommen. Hûsdokters skriuwe oan dy groep pasjinten hast tweintich persint mear genêsmiddels foar eangst en depresje foar as twa jier lyn, docht bliken út ûndersyk fan it soarchkennissintrum Nivel.

Foto: pixabay.com
It tanimmen begûn begjin 2021, ûnder de twadde tichplicht, en is dêrnei trochgien, sei programmalieder farmaseutyske soarch Liset van Dijk fan Nivel yn it NOS Radio 1 Sjoernaal. By jonge manlju naam it ek ta, mar net sa bot, ‘mar’ alve persint. Yn Nederlân brûkt likernôch 0,2 persint fan de jongelju fan 15 oant en mei 24 jier antydepressiva. Van Dijk tinkt dat it tanimmen yn dy groep ûnder mear feroarskae is troch de ynfloed dy’t de pandemy hân hat. “De maatregels hawwe harren flink troffen, mei’t se in hiele protte fan harren sosjale libben in skoft hast op stil sette moatten hawwe.” By âldere en jongere minsken as yn dizze groep wiene gjin grutte feroaringen te sjen.
De ûndersikers witte net krekt wêrom’t it gebrûk by jonge manlju minder tanaam as by jonge froulju. “It kin wêze dat foar froulju sosjale kontakten noch wichtiger binne. It kin ek wêze dat froulju earder mei klachten nei de húsdokter geane. Der kinne ferskate ferklearringen foar wêze.”
Frou Van Dijk is fan betinken dat by eventuele takomstige tichtplichten jonge minsken sa folle mooglik gewurde litten wurde moatte. “Hja lykje dochs hurd troffen te wurden. Ik soe by it nimmen fan maatregels yn elts gefal sjen hoe’t it dy groep rekket.” Wat har oangiet moatte skoallen en universiteiten iepenbliuwe, sadat se dochs kontakt mei freonen en stúdzjegenoaten hâlde kinne.
Nei de ein fan de tichtplichten is it brûken fan antydepressiva net ôfnommen. Dat hat der neffens frou Van Dijk mei te krijen dat it in hoart duorret foar’t men it gebrûk ôfbouwe kin. Mar de lêste tiid spylje ek oare oarsaken in rol, lykas de ynflaasje en it tekoart oan betelbere wenromte. “Dat binne ek dingen dy’t jongelju slim reitsje.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje