Muzyk en natuer spylje mei-inoar op it Skiermûntseach Festival

septimber 22, 2022 08:49

Fan 1 o/m 6 oktober wurdt de 21e hjerstedysje fan it Skiermûntseach Festival holden. Musisy út alle wynstreken komme nei it eilân en litte komposysjes hearre. Fierder binne der masterlessen, dokumintêres, lêzingen, stjerrekuiers en natuerekskurzjes. Men kin de hjerst belibje omjûn troch trijehûndert fûgelsoarten, achttjin kilometer strân en it troch Unesco beskerme Waad.

Boarne: The Publicity Company

Nei in kulinêr en muzikaal foargesetsje de freeds mei in soloprogramma fan harpist Remy van Kesteren, iepenet it Dianto Reed Quintet de sneons it festival offisjeel. De finalisten fan Dutch Classical Talent 2022/23 spylje dan ûnder mear de wrâldpremjêre fan A shimmering light, in leginde oer in man dy’t him op in ôfhandich eilân troch it ljocht fan in fjoertoer liede lit. It wurk is yn opdracht fan it festival skreaun troch de jonge Iraanske komponist Ramin Amin Tafreshi. De pianographe klinkt ek, in priiswinnend ynstrumint dat de takomst ynsjocht troch lûd en byld tegearre in nije wrâld kreëarje te litten. It ynstrumint makket foar it earst de oerstek nei Nederlân.

Op it Waadeilân kin men fierder genietsje fan mezzosopraan Jard van Nes, dy’t foar de 21e kear iepenbiere masterlessen oan in nije generaasje sjongtalinten jout, de dokumintêres Silence of the Tides en Schiermonnikoog in 1969, lêzingen fan Leo Samama en Geert Mak oer Sovjetkomponisten en oer histoaryske ierdferskowingen, stjerrekuiertochten, muzikale natuerekskurzjes mei it Dianto Reed Quintet en slachwurker Dominique Vleeshouwers én konserten fan sa’n santich musisy en toptalinten.

Boarne: The Publicity Company

Pianist Hannes Minnaar fiert alle 24 preludes en fuga’s fan Sjostakovitsj út, altfioelist Dana Zemtsov spilet muzyk fan Lera Auerbach, wylst slachwurker Dominique Vleeshouwers perkusje-ynstruminten fan oer de hiele wrâld hearre lit. Rémy Ballot, Iris Schützenberger, Stefanie Kropfreiter, Dana Zemtsov en Jeroen Reuling ferkenne mei-inoar de grinzen fan de keamermuzyk yn Bruckners ferneamde strykkwintet.

De Oekraynske sellist Alekseij Shadrin soe ôfrûne maart nei Skiermûntseach komme foar in optreden, mar siet yn syn thúslân fêst. Hy wist te ûntkommen, waard in moanne letter fjirde priiswinner by de Keninginne Elisabethkriich en komt yn oktober dochs noch nei Skiermûntseach.

Sjoch op Schiermonnikoog Festival 2022 foar mear ynformaasje.

septimber 22, 2022 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.