Fryslân bout 17.500 wenten

septimber 18, 2022 08:38

Oant 2030 wol de provinsje 17.500 wenten bybouwe, mar wol yn oerlis mei de Fryske partners en neffens de Fryske oanpak. Dat lit de provinsje witte yn in brief oan minister De Jonge fan Folkshúsfêsting. De provinsje wurket dy ambysje yn de kommende perioade mei gemeenten yn Regionale Woondeals út.

Foto: Provinsje Fryslân

Jongerein en âlderein hawwe muoite om yn Fryslân in betelbere wente te finen. Omdat yn de kommende jierren it tal húshâldens fierder tanimme sil, moatte der nije wenten boud wurde. Ut in ynventarisaasje ûnder gemeenten en korporaasjes docht bliken dat der genôch plannen binne om oant en mei 2030 sa’n 17.500 nije wenten te bouwen. Om’t der ek wenten sloopt wurde sille, sil de wentefoarried mei goed 15.000 wenten groeie.

De Fryske korporaasjes en merkpartijen binne ek ree om foldwaande betelbere wenten te bouwen. Hast twa tredde part fan de plande nijbou hat in sosjale hierpriis of in keappriis ûnder de NHG-grins. Dêr is wol de help fan de Ryksoerheid foar nedich. Fan de beskikbere Ryksmiddels is oant no ta mar in lyts part yn Fryslân telâne kommen. Dêrom pleitet de provinsje derfoar dat de regels foar dizze Rykssubsydzjes ferienfâldige wurde, sadat ek lytse wentebouprojekten mooglik makke wurde kinne. Der moatte ek middels frijmakke wurde om de besteande foarried duorsumer te meitsjen.

Deputearre Fokkinga: “Yn Fryslân wolle wy bouwe wêr’t no en yn de takomst ferlet is. Wy bouwe nei aard en skaal fan ús doarpen en stêden. Dat betsjut dat wy in soad lytse projekten hawwe. Mar alle lytse projekten byinoar soargje foar tûzenen nije wenten. Oant no ta wol it Ryk foaral grutte wenningboulokaasjes stypje. Dat past net by Fryslân, wylst nije wenten hjir ek nedich binne.”

Oare knyppunten moatte ek oplost wurde. Yn hiel Nederlân hawwe gemeenten te min minsken om alle omjouwingsfergunningen rap ôf te hanneljen, geane de boukosten omheech en meie troch kapasiteitsgebrek gjin nije oanslutingen op it elektrisiteitsnet realisearre wurde. De ûnwissichheid oer de ynfiering fan de Omgevingswet en de ûnwissichheid oer stikstofplannen soargje ek foar fertraging fan wenningbouplannen. Provinsje Fryslân ferwachtet fan minister De Jonge dat hy derfoar soarget dat dy knyppunten oplost wurde en gemeenten en provinsje foldwaande finansjele middels hawwe om de wenningbou echt mooglik te meitsjen.

septimber 18, 2022 08:38
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Romke Kroandyk septimber 21, 15:18

    Onthullen fan in monument = Ûnthulje of Ûnthuolje,
    dus net ûntbleatsje sa as yn’t wurdboek stiet.
    As jo eat ûntbleatsje wurd it hulle want dan wie it bleat.

  2. Henk septimber 21, 15:36

    @Romke Kroandyk: ‘ûnt-‘ yn ‘ûntbleatsje’ tsjut it begjin fan in hanneling oan, krekt lykas yn ‘ûntstean’, ‘ûntfange’ ensfh. It hat in oare funksje as it ûntkennende ‘ûnt-‘ yn ‘ûnthilligje’ ensfh.

    It ‘ûntbleatsjen fan in monumint’ is al op syn minst twahûndert jier yn gebrûk yn it Frysk. Foarmen mei ‘ûnthul-‘ komme pas yn de jierren 1960 op, ûnder ynfloed fan it Nederlânsk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.