Frysktalich tydskrift stiet faai
Resint ferskynd
- Ynklusive taal 0
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper 0
- Fytsalvestêdetocht foar it earst oant 22.00 oere te folgjen by Omrop Fryslân 0
Om feardich te bliuwen yn in taal is it hjoed-de-dei nedich om dy skriftlik te behearskjen. Dêr is it om te begjinnen wichtich foar dat dy taal op skoalle ûnderwiisd wurdt, mar om it learde te ûnderhâlden moat dy ek lêzen wurde. En wa’t op skoalle gjin of te min Frysk hân hat, kin soks lêzendewei byspikerje. Oan it ûnderwiis yn it Frysk wurdt wurke, mar de measte minsken krije amper Fryske teksten ûnder eagen. De Ried fan de Fryske Beweging ûnderhâldt dêrom de webside It Nijs en bringt sûnt 2020 elk fearnsjier it blêd DE NIJE út: in folslein Frysktalich magazine foar in breed publyk. De kosten dêrfan wurde troch de Ried sels droegen. Der binne foarearst sa’n 350 abonnees (dêrûnder 250 stipers fan de Ried) en der wurde mar likernôch 250 eksimplaren fan elk nûmer yn de winkel ferkocht. Dat is te min om út de kosten te kommen. Om’t DE NIJE no foar it grutste part op frijwilligers draait, is it blêd net allinnich finansjeel, mar ek wat minskkrêft oangiet, kwetsber. Troch de need twongen oerwaget de Ried no dêrom mei DE NIJE op te hâlden. De Ried hat lykwols earst in driuwend berop op deputearre Sietske Poepjes dien, mei de fraach om finansjele stipe of in partij dy’t DE NIJE oernimme kin. De deputearre hie de Ried ynearsten tasein om har bêst te dwaan om in oplossing te finen, mar hat okkerdeis lykwols te witten dien dêr dochs gjin mooglikheden foar te sjen. Dat lêste nijs kaam krekt net op ’e tiid foar de ôfrûne wike fersprate printe nijsbrief fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Mar der is in hiele protte dat dat nijsbrief wol helle hat en dat is hjirre te lêzen:
Nijsbrief RfdFB septimber 2022
Ik nim oan dat Poepjes it net litten hat by ‘gjin mooglikheden te sjen’ en troch dûnset, mar d’r ek swiere stikken by yn leit hat wêr wy wat fan fine kinne.