Fryske begrutting 2023 realistysk en weromhâldend

septimber 28, 2022 10:30

Ynvestearje yn de Fryske mienskip en it stribjen nei Lok op 1 steane sintraal yn de
provinsjale begrutting foar 2023. Dy útgongspunten binne wichtich yn de hjoeddeiske útsûnderlike en ûnwisse tiden dy’t ynwenners, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes reitsje. Stigende kosten en leger wurdende ynkomsten daagje de provinsje út om it kommende jier – en de jierren dêrnei – tûk om te gean mei syn taken en ôfnimmende finansjele middels. Yn de begrutting wol de provinsje takomme jier 482,4 mln útjaan.
Yn syn plannen hâldt it kolleezje fan Deputearre Steaten rekken mei de oankommende provinsjale steateferkiezings, sadat de nije Steaten en it nije kolleezje romte krije om eigen karren meitsje te kinnen.

Oandacht foar natuer en ekonomy
Deputearre Friso Douwstra sjocht mei in realistyske blik nei de takomst: “2023 sil gjin maklik jier wurde. De kosten geane omheech en de ynkomsten sakje. Net allinnich foar de provinsje, mar ek foar húshâldingen, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes. We moatte dêr op in goede manier mei omgean.” Yn de begrutting is goed 100 miljoen euro opnommen om Fryslân fitaal, fearkrêftich en sûn te hâlden. It jild komt ûnder mear te’n goede oan duorsume lânbou, it fergrutsjen en ophelpen fan bioferskaat en natuer en in duorsume enerzjyfoarsjenning. Fansels is der foar it nije jier jild útlutsen foar de stikstofoanpak en it Nationaal Programma Landelijk Gebied. Mei in bedrach fan 24 miljoen euro wol de provinsje trochgean mei ynvestearjen yn in oantreklik fêstigingsklimaat en it befoarderjen fan in sirkulêre ekonomy.

Ynvestearje yn in berikber, leefber en fitaal Fryslân
Der wurdt goed 135 miljoen euro yn ûnderhâld en ynvestearringen yn de Fryske ynfrastruktuer stutsen. Feiligens en berikberens oer de dyk, it wetter en it Fryske iepenbier ferfier wurde dêrmei ferbettere. Deputearre Douwstra leit keppelet dat oan de Fryske mienskip: “We hawwe de ôfrûne jierren in soad ynvestearre yn berikberens en ûnderlinge ferbûnens yn ús mienskip. De kennis en ûnderfining dy’t wy dêrmei opdien hawwe, moatte wy brûke om maatskiplike tsjinstellingen te ferlytsjen en oan ús mienskip te bouwen.” It leefber en fitaal hâlden fan de Fryske doarpen en stêden mei bygelyks bloeisônes is dêr in útgongspunt by. Dêr is goed 56 miljoen euro foar beskikber steld. In part fan dat bedrach komt ek te’n goede oan in bloeiend en kultureel libben, fia de Fryske taal, it ûnderwiis, erfgoed en kultuer yn Fryslân.

Yn novimber sil de begrutting troch Provinsjale Steaten behannele wurde.

septimber 28, 2022 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.