Frysk fan in iuw lyn wer te hearren

septimber 7, 2022 16:10
Foto: Giorgio Trovato, Unsplash

Hoe klonk it Frysk sa’n hûndert jier lyn? Dy’t it witte wol, kin no teplak by it Frysk Film & Audio Argyf yn Ljouwert en de Fryske Akademy. Dy hawwe opnamen út de jierren 1920 digitalisearre. Se stiene op âlde skellakplaten, foarrinners fan de lettere langspylplaten.

De opnamen binne makke troch taalkundigen fan de universiteit fan Berlyn. Foar it Frysk hie de frisist Theodor Siebs de lieding. Hy hat minsken út ferskate gebieten frege om sinnen yn it Frysk oer te setten en ferhalen te fertellen. Net inkeld minsken út de Nederlânske provinsje Fryslân hawwe meiwurke, mar ek sprekkers fan it Noard- en Sealterfrysk yn Dútslân, en sels fan it Eastfrysk fan it eilân Wangereach, dat wilens útstoarn is.

It is net foar it earst dat de âlde opnamen digitalisearre binne. Yn Dútslân is dat ek alris dien, mar troch nije techniken kin de kwaliteit hjoed de dei in stik better makke wurde.

Der binne 75 opnamen yn ferskate dialekten online set. Se binne hjir te beharkjen.

septimber 7, 2022 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.