Friezen fochten alear mei de pols

septimber 5, 2022 09:59

Fryske soldaat, Cornelius Kempius (1588)
Boarne: Universiteitsbiblioteek, Leien

Yn it depot fan it Frysk Museum waarden in stik of wat eigenaardige dingen bewarre dêr’t net rjocht dúdlik fan wie wat dat wiene en wêr’t dy foar brûkt waarden. Earder waard tocht dat it reiskandelers wiene, mar koartlyn die konservator Caspar J. van Dijk ûndersyk nei midsiuwsk wapenreau mei it each op de nije útstalling dêroer, dy’t fan 10 septimber ôf te sjen is.

Wy berjochten dêr earder al in kear of wat oer (sjoch
It ferhaal fan frijheid, fjochterij en fagefjoer | It Nijs,
Rugbyspilers komme Frysk Museum te help | It Nijs en
Frysk Museum organisearret fergees midsiuwsk festival | It Nijs.)

Van Dijk ûntduts dat it kletsys binne, ûnderdielen fan polsstôkspearen. It museum hat dêr in replika fan meitsje litten en fierljepkampioen Ysbrand Galama hat him test. De Friezen brûkten yn de midsiuwen de pols dus net allinne om oer in sleat te springen, mar se koene der de fijân ek lytsman mei meitsje.

Ysbrand Galama mei de replika. Foto © Jacob van Essen/Het Hoge Noorden

It troch Galama goedkarde eksimplaar en de troch it museum bewarre âldheden sille op de útstalling te sjen wêze.

septimber 5, 2022 09:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.