Frachtriders yn Fryslân (ferhaal)
Resint ferskynd
Yn 1925 namen in stikmannich frachtriders it beslút om harren te ferienigjen. Troch har yn ferieningsferbân te organisearjen koene se harren belangen better behertigje as yndividueel. De organisaasje krige de namme: Nut en Genoegen. Dy waard fêstige op de Gordyk.
In ôfspraak oer de frachttariven soe in bydrage wêze kinne om de ûnderlinge konkurrinsje yn it fak tsjin te gean, wylst de klant ek better betsjinne wurde koe. Ek al kamen de tariven op itselde nivo te lizzen, it fêststellen waard net oan bannen lein, mar oan it ynsjoch fan de ferfierders sels oerlitten.
Yn it húshâldlik reglemint wie opnommen dat de feriening safolle mooglik bystân en stipe oan leden ferliene soe. Dat soks sûnder mis nut hie hat faak bliken dien. Yn it reglemint wie ek opnommen dat der ien kear yn it jier in útsje wie. De earste útsjes wiene sûnder de froulju, mar doe’t mei in spesjale gelegenheid de froulju in kear mei koene, wie de hikke fan ’e daam. De manlju hiene doe foargoed it heft út ’e hannen jûn. Fan dy tiid ôf giene se as troude pearen fuort.
It bestjoer bestie by de oprjochting út de hearen: L. Walda út Duurswâld, foarsitter, G. Terwisga út Tsjalbert, sekretaris, en G. de Boer út Drachten, ponghâlder. De kontribúsje wie in kwartsje yn ’e moanne. De sekretaris kaam om ’e moanne nei de Gordyk om de ynbarde kontribúsje oan de ponghâlder ôf te dragen. Hy rûn dan op klompen fan Tsjalbert nei de Gordyk. It wie twa oeren rinnen.
Oan de frachtriders waarden yn dy tiid in soad boadskippen tafertroud dêr’t de bûtenwacht neat mei te meitsjen hie. Hja krigen bytiden de nuverste opdrachten, lykas in nachtspegel of kanarjesied, mar se fungearren ek wol as de besoargers fan leafdesbrieven. Yn dat gefal kamen allinne brieven dy’t net tichtplakt wiene yn oanmerking! Letter waard it besoargjen fan brieven ferbean.

boarne: publyk domein
Diskrete boadskippen waarden harren ek tabetroud. In frachtridersfrou naam ris in bestelling oan en joech dy oan har man troch: in direktoire (strûpbroek mei ilestyk yn de bân en de boksen). Foardat se sizze koe foar wa’t it wie sei de boaderider: “Ha, dy is foar frou. A.” “Hoe witsto dat?”, frege syn frou ferheard. “Wol,” wie it andert, “der is mar ien frommes dy’t sa’n maat nedich hat.”

boarne: publyk domein
De pake fan ponghâlder Geart de Boer út Drachten wie eartiids postboade tusken Drachten en de Gordyk. Syn soan Geart wie syn trouwe help, mar dy seach wolris om him hinne foar in nij baantsje. Sa kaam er by in smid telâne, mar dat wie sines net. Hy wie doe 15 jier en begûn doe in boadskippetsjinst nei de Gordyk. Rinnendewei mei bytiden wol fyftich pûn op ’e rêch. Letter die er it mei in kroade en noch letter mei in hûnekarre.
De doedestiids op Olterterp residearjende Baron van Harinxma thoe Sloten bea Geart yn ruil foar syn hûn in mûlezel oan. Dy ruil gie troch en sa makke de hûnekarre plak foar in ezelkarre. It gie hieltiten better mei syn ferfiertsjinst en der kaam doe in kêde mei in karre op fjouwer tsjillen. Dochs skeakele Geart wer op de hûnekarre oer. Dat kaam troch in bysûndere oanlieding.
De tram kaam en de mooglikheden om fan de rails gebrûk te meitsjen waard útrûpele. Dat koste minder en it ferfier gie flugger. Allinne de tsjillen fan de karre moasten geskikt makke wurde om op de rails te passen. As brûker fan de rails moast Geart fansels wol goed op ’e hichte wêze fan de tsjinstregeling fan de tram.
By de bocht fan de Boarn gie it in kear mis. Geart en syn byrider rieden mei de karre mei twa hûnen derfoar oer de rails doe’t in tram hurd tichteby kaam. Geart en syn byrider besochten noch om de karre fan de rails te krijen. De masinist fan de tram remme sa bot as er koe en rôp: “Kerels, ga toch weg of je komt er zelf onder.” Geart en syn byrider sprongen yn de ûnderwâl en op itselde momint ried de tram op de hûnekarre. De hûnen en de karre waarden ferplettere.
De trammasinisten wiene net sa wiis mei it ûneigen brûken fan de tramrails. It barde wol faker, mar dan gie it krekt goed. Nei oanlieding fan it ûngelok fan Geart mei syn hûnekarre tsjinne de NTM in klacht by justysje yn. De rjochter oardiele dat De Boer skuldich wie oan it ûngelok en feroardiele him ta in boete fan ƒ 25.
Eartiids fersoargen de frachtriders ek foar notarissen, ûntfangers en administrateurs it oerbringen fan jilden en wichtige papieren. Der gie harren doe in soad jild troch de hannen. De frachtriderij wie doe in fak fan fertrouwen. Tsjintwurdich wurde de pakketten mei û.o. DHL, DPD en Post.nl ferstjoerd.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje