Fjirtich skoallen yn Súdwest-Fryslân krije besite Berneboeke-ambassadeur

septimber 2, 2022 19:46

Freedtemoarn is Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra úteinset yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân. Lida komt de kommende moannen op fjirtich basisskoallen del om lês- en boekewille te fersprieden. De ôftraap wie op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum.

Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra (l.) jout de lêskoffer oan wethâlder Petra van den Akker (foto: Petra Kroon)

Prachtige gearwurking
Wethâlder Petra van den Akker naam symboalysk de earste lêskoffer fan ’e gemeente yn ûntfangst. Dat die se ûnder in feestlike ôftraap op ’e Sint-Martinusskoalle yn Makkum. Dy skoalle hat him ferline jier as earste oanmeld. “De Berneboeke-ambassadeur is in supermoai projekt, dêr’t wy as gemeente graach oan meiwurkje”, sei de wethâlder. “De takomst fan it Frysk leit by de bern. Dêrom is it ekstra belangryk dat wy harren entûsjast meitsje foar it lêzen fan it Frysk. En wa kin dat better dwaan as Lida, dy’t sels berneboekeskriuwster is!”

“Dit is in prachtige gearwurking,” sei berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra. “Alle basisskoallen dy’t dêr priis op stelden hawwe de lêskoffer fol berneboeken fan ’e gemeente kado krigen.”

Foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje
Lida Dykstra is sûnt 2020 berneboeke-ambassadeur, in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Se hat yn dy funksje al op mear as hûndert skoallen west. Se komt yn sawol de ûnderbou, middenbou as boppebou, mar krekt wat de skoalle sels wol. Se lit de bern yn ’e kunde komme mei Frysktalige boeken. Dat docht se net allinne troch de boeken út ’e lêskoffer foar te lêzen. “Ik bepraat de boeken ek mei de bern. Soms gean ik mei âldere groepen oan ’e slach mei in kreative skriuwopdracht.”

Elly Attema fan ’e Sint-Martinusskoalle hat der sin oan. “Ik fyn it foar elk bern in boppeslach om op dizze wize mei Fryske boeken yn ’e kunde te kommen. Der giet niks boppe it jin lekker fuortsakje te litten yn ’e wrâld fan ferhalen; dêr is alles yn mooglik!”

Mear witte oer it projekt Berneboeke-ambassadeur? Besjoch dan it YouTubefilmke of gean nei https://berneboekeambassadeur.frl.

septimber 2, 2022 19:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.