Fiif deaden yn Nij-Seelân troch botsing mei walfisk
Resint ferskynd
Yn Nij-Seelân binne fiif minsken omkommen doe’t harren boat omsloech. Nei alle gedachten kaam de boat yn botsing mei in walfisk. Seis oare opfarrenden binne rêden.

Foto: morguefile.com
It ûngelok barde fan ’e moarn lokale tiid foar de kust fan de stêd Kaikōura op it Sudereilân. Boargemaster Craig Mackle fan Kaikōura befêstiget parseburo AP dat der alve minsken oan board fan de boat wiene op it momint fan it ûngelok en dat seis fan harren feilich nei de kust werombrocht binne. Neffens Mackle giet it om in fiskersboat en wiene de passazjiers nei alle gedachten op kabeljau, toskbears en oare fisksoarten oan it fiskjen. Mar neffens Nij-Seelânske media soe it om in groep fûgelspotters gean.
Mackle seit tsjin AP dat it wetter “ferrekte kâld” wie en dat it der net goed útsjocht foar elk dy’t oerboard rekke is. Neffens de oerlibbers wie it wetter krekt foar it ûngelok noch tige rêstich. Tocht wurdt dat in walfisk ûnder de boat opdûkt is en dy omsmiten hat. It wie bekend dat der potfisken en ek in stikmannich bultrêgen yn ’e baai wiene. Hokker walfisksoarte mei de boat yn oanfarring kaam, is ûnbekend.
De plysje seit dat it liket oft de boat earne tsjinoan botste, mar kin net sizze oft it om in walfisk giet, berjochtet de Nea Zealand Herald. De definitive oarsaak fan it ûngelok moat noch fêststeld wurde. Mei’t der in protte walfisken yn ’e wetters by Kaikōura foarkomme, hold boargemaster Mackle al rekken mei de kâns op ûngemakken. “It spilet jin altyd yn ’e holle dat it barre kinne soe”, seit er tsjin AP.
Populêre bestimming
In tsjûge fertelt oan in lokale nijsside dat sy en in groep freonen it besykjen om de minsken te rêden sjoen hiene út Goose Bay wei, yn ’e buert fan Kaikōura. Hja seagen in frou op in omfallen boat sitten dy’t mei de earmen wiuwden. Neffens de tsjûge wiene der trije helikopters by de boat en giene twa dûkers it wetter yn. Kaikōura is in populêre bestimming om walfisken te sjen, om’t de see deunby de kust al djip is. Bedriuwen biede boattochten en helikopterflechten oan, sadat toeristen walfisken, dolfinen en oare seebisten fan tichtby sjen kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje