Fiering Europeeske Dei fan de Talen
Resint ferskynd
It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum fiere op 26 septimber it taalferskaat yn Nederlân en Europa.
Op moandeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen mei spesjale oandacht foar in meartalige learomjouwing. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma en trûbadoer Jan Henk de Groot sille harren talen klinke litte mei poëzij en muzyk.

Boarne: EBLT
Meartalige learomjouwing
Sprekkers Hilda Heyde fan de RUTU-foundation en Janke Singelsma fan NHL-Stenden Hegeskoalle sille sprekke oer de ynklúzje fan talich ferskaat op ’e (basis)skoalle. Heyde sil it projekt ‘Language Friendly Schools’ fan de RUTU-foundation taljochtsje en Singelsma sil it koartby ferskynde boek ‘Talenbewust lesgeven: Aan de slag met talige diversiteit in het basisonderwijs’ presintearje.
Dichter fan Fryslân en Grinzer muzyk
It talige ferskaat is de middeis ek werom te hearren yn poëzij en muzyk. Sigrid Kingma, de Dichter fan Fryslân hat spesjaal foar de Europeeske Dei fan de Talen in gedicht skreaun, dat se fansels foardrage sil. Grinzer trûbadoer Jan Henk de Groot sil de muzyk fersoargje.
Europeeske Dei fan de Talen
Europeeske Dei fan de Talen, in inisjatyf fan de Ried fan Europa, wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 79 talen erkend fan mei-inoar 204 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.
EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum
De middei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamintsk. Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.
Wolkom
It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik. De ynrin begjint om 15.00 oere en om 15.30 oere set it programma útein. De middei wurdt ôfsletten mei in hapke en in drankje.
Lokaasje: Gysbert Japicxseal, Tresoar. Bûterhoeke 1, Ljouwert. Jo kinne je oanmelde by it EBLT.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje