Feriene Naasjes lêze Spanje de leviten om behanneling Katalaanske politisy

septimber 2, 2022 13:13

It liket nearne nei hoe’t de Spaanske oerheid yn 2017 mei hege Katalaanske politisy omgien is. Hja waarden sûnder proses út harren funksje set, om’t hja bydroegen hiene oan de organisaasje fan de folksrieplachting oer de oprjochting fan in ûnôfhinklike Katalaanske steat.

Dat is it betinken fan de kommisje foar de minskerjochten fan de Feriene Naasjes. Dy hat oer de kwestje gear west, om’t fjouwer Katalaanske politisy, wêrûnder de eardere fise-presidint Oriol Junqueras i Vies, in adres oan de FN rjochte hie.

“Politike rjochten ferstjinje in bettere beskerming as politisy sûnder foarôfgeande feroardieling út harren funksje set wurde kinne”, seit Hélène Tigroudja fan de FN-minskerjochtekommisje.

septimber 2, 2022 13:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.