Feriene Keninkryk hat wer in frommes oan it roer
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet 1

Nei Margaret Thatcher en Theresa May is Liz Truss de tredde frou dy’t minister-presidint fan it Feriene Keninkryk wurden is. Tiisdeitejûn waard hja yn Skotlân offisjeel beëdige troch keninginne Elisabeth.
Frau Truss is lid fan de Britske konservative partij en folget har partijgenoat Boris Johnson op. Dy stie al ûnder druk trochdat er him net oan syn eigen koroanaregels hâlden hie en doe’t bliken die dat er in meiwurker beneamd hie dy’t geregeld froulju tenei kaam, namen in protte ministers dien. Johnson stapte doe sels ek op.
De nije minister-presidinte fan it FK hat buorkundich makke dat hja 120 miljard euro útjaan wol om it folk troch dizze djoere tiden te helpen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje