Ferdûbeling tal Iersktalige skoallen yn Noard-Ierlân

septimber 3, 2022 19:41

Yn Fryslân is de eigen taal fan de regio meastal net mear as in fak, benammen yn it fuortset ûnderwiis. Oare regio’s mei in eigen taal hawwe folslein oare skoalsystemen. Faak is de eigen taal der de fiertaal. It idee dêrefter is dat bern de lânstaal doch wol oppikke. Fansels krije se dy wol as fak, mar de eigen taal is by fakken lykas wiskunde, ierdryskunde en hânfeardigens de fiertaal. Yn Noard-Ierlân wie dat noch mar selden sa, mar it ferlet fan Iersktalige skoallen boazet hurd oan.

Lang wie it Iersk suver wat fertocht yn de eagen fan in protte minsken yn Noard-Ierlân, dat by it Feriene Keninkryk heart. De Ierske taal waard sjoen as de taal fan buorlân Ierlân en dy’t der tefolle sympaty foar sjen liet, waard gauris sjoen as in foarstanner fan oansluting fan Noard-Ierlân by Ierlân.

De ôfrûne jierren nimt dy spanning wat ôf en Iersktalige ynwenners of minsken dy’t wolle dat harren bern de taal fan de regio goed leare, kieze faker foar Iersktalige skoallen. Der wiene oant no ta twa fan dy Iersktalige skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Noard-Ierlân. Twa nijen wurde yn de perioade 2022-2024 oprjochte. Ien dêrfan komt yn de haadstêd Belfast. Dêr is al ien. Dy wie boud foar seishûndert learlingen, mar der sitte wilens sitte der al njoggenhûndert learlingen op. Mei-inoar folgje sa’n sântûzen bern yn Noard-Ierlân folslein Iersktalich leger of fuortset ûnderwiis.

septimber 3, 2022 19:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jens septimber 6, 17:03

    Kinst yn Fryslân net iens Frysktalige berne-ophein fine, hoe kin it dat wy sa sleau binne?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.