Feie Fonyk: Frankryk wrakselet ek mei ymmigraasje

septimber 29, 2022 10:29

Kollum

Wy hawwe de lêste wiken mei ôfgriis nei de migranten sjoen dy’t yn Ter Apel bûtendoar sliepe moasten. Nederlân is net it iennige lân dat it troch de grutte ynstream net mear slagget om ûnderdak te organisearjen. Grikelân en Italië wrakselje al jierren mei dat probleem. Giorgia Meloni sil, sa’t it no liket, de nije premier fan Italië wurde. Se hat har ferkiezingswinst mei te tanken oan de tasizzing dat se in ein meitsje sil oan de migraasjestream.

It binne net allegearre flechtlingen. Ik nim Frankryk as foarbyld. Dat hat 50.000 reguliere AZC-plakken, mar it krige yn 2021 mear as 100.000 asylsikers. De helte mocht bliuwe, mar weromgean dogge de measten net. Se besykje troch te reizgjen nei in oar Europeesk lân of bliuwe hingjen yn ien fan de grutte stêden, bygelyks yn Parys.

By Gare du Nord sitte guon bûtendoar tsjin de muorre fan it stasjon: dakleazen. Eartiids hie men romantyske tinzen oer de Clochards fan Parys. Mar it is fansels djip tryst dat minsken sa libje. Der wurdt skat dat der yn dizze stêd mei de foarstêden mear as 20.000 dakleazen binne of, sa’t se dêr neamd wurde, de SDF, de sans domicile fixe of de sans abri. Hja binne sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, sûnder skûlplak.

Frankryk wurdt, lykas alle Europeeske lannen, folle stranger tsjin asylsikers, flechtlingen en minsken dy’t dêr út klearebare earmoed kommen binne. De grutste tastream wie oant foar koart út Afganistan, Ivoarkust, Guinee, Bangladesj en Turkije. Mar nei it útbrekken fan de oarloch yn Oekraïne binne der op it stuit mear as 96.000 flechtlingen út dat lân. Dy wurde sa goed mooglik opfongen.

Foar in lytser part giet it ek om minsken dy’t troch psychyske problemen, drugs of domme tsjinslach oan ’e râne fan de mienskip bedarre binne. Sûnder wenplak hawwe se gjin wurk en sa reitsje se yn ’e nederklits.

Dêrneist binne der dus in soad migranten sûnder rjocht om te bliuwen. Dat binne ornaris gjin swervers, mar minsken dy’t besykje om earne yn Parys in ymprovisearre ûnderdak te finen: ûnder in brêge of yn in tintsje. Ofrûne simmer seach ik tusken Opera Bastille en de Seine tsientallen tintsjes oan de kant fan it Canal Saint Martin stean. Dy sille der no noch wol stean. In oplossing is fier út it sicht.

septimber 29, 2022 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.