Feestlike premjêre jongereinfilm foar Sexy&Safe

septimber 24, 2022 08:37

Op tiisdei 27 septimber wurdt yn Teäter Snits de jongereinfilm Oeral te sjen foar it earst fertoand. De film is yn gearwurking mei Fryske jongelju foar de kampanje Sexy&Safe makke. Hy rjochtet him op online seksuele feiligens en striidberens fan jongerein. Wethâlder jeugd fan de gemeente Súdwest-Fryslân Petra van den Akker jout it offisjele startsein foar de earste fertoaning. De kampanje is in inisjatyf fan Sosjaal Domein Fryslân.

De kampanje Sexy&Safe
Jongelju flirte der online op los! Online flirte en seksting hearre tsjintwurdich by in normale, seksuele ûntwikkeling. Mar spitigernôch hat it ek in oare, minder aardige kant. Mei soms grutte gefolgen. Dêrom jout dizze kampanje ekstra omtinken oan seksuele feiligens op ynternet. Sadat jongelju, âlden en dosinten aanst witte hoe’t online flirten en seksting leuk én feilich kinne.

In film foar en troch Fryske jongelju
Foar jongelju, troch jongelju. Jonge minsken út Fryslân wurken de ôfrûne moannen, ûnder begelieding fan mediaburo LineUp Media, hurd oan dizze spylfilm. De film giet net allinnich oer de risiko’s fan online flirten en seksting, mar ek oer de spannende en moaie kanten. Ut eigen ûnderfiningen wei, mei ferhalen dy’t se yn harren fermidden heard hawwe én op basis fan wat se sjen wolle.

Film foar elkenien beskikber
Nei de premjêre is de film del te heljen op www.sexyensafe.nl.

septimber 24, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.