Feestlik ynspylkonsert

septimber 3, 2022 10:05 Fernijd

Ljouwert, Sint-Bonifatiustsjerke. Foto Romke Hoekstra. Boarne Wikimedia Commons, lisinsje CC BY-SA 4.0

Yn de Bonifatiustsjerke oan de Foarstreek yn Ljouwert wurdt sneintemiddei 11 septimber it oargel wer yn gebrûk nommen. Dat bart mei in feestlik konsert. Sjoch hjir foar alle ynformaasje oer it konsert en it oargel.

It oargel, dat yn 1899 troch oargelbouwer Adema boud is, is troch deselde firma yn 2018-2022 restaurearre, fernijd en útwreide. It hat no 39 registers. Sjoch foar de disposysje ek de taheake ynformaasje.

It konsert begjint om 15.00 oere.

Op 8 oktober, 10.00-12.30 oere, is der in ekskurzje fan de Keninklike Oargelisteferiening nei itselde oargel. Dan jout Peter van der Zwaag der in demonstraasje op en kinne dêrnei oanwêzige oargelisten der sels op spylje. Mear ynformaasje dêroer: Jelle Rollema, Tersoal, j.rollema@planet.nl,
(0515) 52 12 61

 

septimber 3, 2022 10:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.