Enerzjy yn Fryslân: geotermyprojekt Boalsert

septimber 27, 2022 10:43

Skôging troch Ynze Salverda*

Foto © MAKE photography / Marijke van Dekken

Stichting Ontwikkeling Geothermie Friesland (STOGEF) is oprjochte troch bewenners en docht ûndersyk nei de mooglikheden om geotermy ta te passen foar ferwaarming fan wenningen yn Fryslân. As earste lokaasje is Boalsert útkeazen en yntusken rint der in proseduere foar de oanfraach fan in fergunning by it ministearje fan Ekonomyske Saken.

Doel is om duorsume enerzjy op te wekken foar boargers, troch boargers. Wy ûndersykje de mooglikheden fan duorsume ferwaarming en stroomopwekking troch middel fan ultra-djippe ierdwaarmte. Dêrmei wolle wy de enoarme geotermyske potinsje fan Fryslân benutte. Dy leveret waarmte en stroom dy’t ús helpe om fan it gas ôf te kommen en kin ek sjoen wurde as in alternatyf foar wynmûnen. Sa sparje wy it lânskip en de libbensomjouwing. Mei ierdwaarmte foarsjogge wy yn in konstante stream fan enerzjy, ek as de sinne net skynt en de wyn net waait. Troch de hege temperatuer fan ’e ierdwaarmtetafier is geotermy in gaadlike oplossing foar sawol goed isolearre as minder goed isolearre wenten.

Op dit stuit binne der geotermyprojekten dêr’t de resultaten faak by ôffalle en ekstra kosten troch mearwurk ûntsteane. Ek bliuwe der risiko’s fan lekkerij en komt der sedimint nei boppen dat ôffierd wurde moat. We binne derfan oertsjûge dat der oan ynnovaasje noch in soad te winnen falt en ha petearen mei mooglike partners om nije techniken ta te passen. Wy sille in konsortium gearstalle dat op in ferfrissende wize nei de útfiering sjocht. Feiligens stiet fansels foarop ‒ foar STOGEF is it tige wichtich om it wolwêzen fan de libbensomjouwing yn brede sin te befoarderjen, dêr’t de oantaasting fan ûndergrûn, omjouwing, lânskip en lucht sa beheind mooglik by bliuwt. Foar ús is it feilichheidsaspekt dus in ûnderdiel fan de ynnovaasje.

STOGEF hannelet yn it algemien belang. It is in boargerinisjatyf dat boargers en bedriuwen yn de omjouwing yn de gelegenheid stelle wol om gebrûk te meitsjen fan in duorsume boarne fan enerzjy foar de levering fan kollektive waarmte, elektrisiteit en mooglik de produksje fan duorsume gassen. De kennis dy’t de stichting opdocht wurdt dield mei oare inisjativen en regio’s. It is it útdruklik doel fan STOGEF om sizzenskip fan de omjouwing oer de boarne te organisearjen en wêr mooglik lokaal eigenerskip te fêstigjen, sadat in earlike en transparante priis foar boargers en bedriuwen garandearre bliuwt.

STOGEF jout troch de gearwurking mei de gemeente Súdwest-Fryslân ynfolling oan it riedsbeslút dêr’t selsbeskikking oer de enerzjyfoarsjenning as fûneminteel betingst yn sjoen wurdt foar in earlike en flugge enerzjytransysje. De gemeente Súdwest-Fryslân draacht by troch it ûndersyk te finansierjen en as regisseur waarmtetransysje de relaasje mei oare grutskalige ynfrastruktuerprojekten te fasilitearjen.

Lykas al sein, projekt Boalsert is de earste stap.
STOGEF wol de kennis en ûnderfining by Boalsert opdien, brûke om op mear plakken enerzjy op te wekken troch middel fan Geotermy. Dy foarm fan enerzjyfoarsjenning moat yn publike hannen komme, want Fryslân wurdt, krekt as Grinslân yn it ferline, as wingewest brûkt en dat moat ophâlde. Enoarme rendeminten en subsydzjestreamen floeie út Fryslân wylst it lânskip en wenomjouwing faak behoarlik negatyf beynfloede wurdt.

Us Iselmar (Natura2000-gebiet) stiet no fol mei 89 enoarme turbines, mar wat smyt dat foar de befolking op? Sa binne der ferskate foarbylden dêr’t Fryslân projekten, somtiden sels twongen troch de lanlike oerheid, by fasilitearret mar dêr’t de rendeminten fan fuortfloeie. RWE hat koartlyn ek al oanjûn in wynpark bouwe te wollen oan de Fryske kust. Wy sille it heft yn eigen hân nimme moatte.

Wy hawwe fernommen dat der in ôfgrysliken soad kennis yn Fryslân is. As wy dy mobilisearje kinne soene en bondelje, dan binne de mooglikheden ûneinich. Sa is STOGEF ek ûntstien en in soad hiene net ferwachte dat wy komme soene dêr’t we no steane.

Personalia
As lid fan it bestjoer fan STOGEF is Ynze Salverda ferantwurdlik foar de technyske realisaasje fan it projekt. Hy hat in arbeidsferline by in grut servicebedriuw yn de oalje- en gaswrâld.

* Gearfetting fan in lêzing dy’t jûn is by it Ynterfrysk Kongres op 17 septimber yn Dokkum.
Sjoch De ferbinende ekonomy fan de Fryslannen | It Nijs

septimber 27, 2022 10:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.