Eksposysje Kor Onclin & Henneke Chevalier by Bax Kunst

septimber 23, 2022 08:19

Beyond the Blue Horizon, fan 1 oktober o/m 12 novimber 2022 te sjen

‘Beyond the Blue Horizon’ fan Cor Onclin (boarne: Bax Kunst)

Fan 1 oktober ôf is in nije eksposysje te sjen fan it wurk fan de ferstoarne Frysk-Frânske keunstner Kor Onclin, yn kombinaasje mei keramyske objekten fan Henneke Chevalier. De eksposysje is by Galery Bax Kunst yn Snits. Earder dit jier wie der in grutte eksposysje fan Onclins wurk yn Obe, it poadium foar Fryske kultuer yn Ljouwert. Yn Snits folget no in ferkeapútstalling fan syn wurk.

Beyond the Blue Horizon
Galery Bax Kunst yn Snits hat in eksposysje gearstald, dêr’t in unike gearwurking yn socht is tusken de lyrysk abstrakte wurken fan skilder Kor Onclin en de geometrysk abstrakte keramiste Henneke Chevalier, sadat in mearsidige útstalling ûntstiet. Nettsjinsteande it ferskil yn harren stilen, is der in mienskiplik gebrûk fan djippe kleuren, foarmen en oare besibbens te sjen.

Kor Onclin waard berne yn Ljouwert. Syn mem hearde ta de feministes fan de earste oere. Syn heit wie binnenhûsdekorateur en musikus. Onclin folge in keunstoplieding oan de foarrinner fan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Syn wurk waard koart foar de Twadde Wrâldoarloch by Keunsthannel De Boer eksposearre. Nei de Twadde Wrâldoarloch studearre Onclin ortopedagogy en psychology. Oant 1978 wie er yn De Haach wurksum as psychoterapeut en dosint op ’e Sosjale Akademy.

Yn ’e santiger jierren eksposearre er yn ferskate galeryen yn Nederlân. Yn 1978 emigrearre Onclin nei Frankryk (Privas, Ardèche), om him folslein oan it skilderjen te wijen. Fan 1981 ôf eksposearre er benammen yn Frankryk, dêr’t syn wurk ferskate kearen ûnderskieden waard. Fan de mids tachtiger jierren ôf eksposearre er wer faak yn Nederlân.

‘Coulisse’ fan Henneke Chevalier (boarne: Bax Kunst)

Arsjitekteur en lânskip hawwe de belangstelling fan Henneke Chevalier (Amsterdam, 1943). It is in hieltyd weromkommend tema yn it wurk fan de keramiste. De fassinaasje foar geometryske foarmen en patroanen komt yn har abstrahearre objekten, en de dekoraasje dêrfan, ta utering.

‘Coulisse’ fan Henneke Chevalier (boarne: Bax Kunst)

Ut dy ynspiraasjeboarnen binne objekten ûntstien, dêr’t op abstrakte wize by ferbylde wurdt as soe in stik lân, lucht of wetter mei in skeppe of grûnboar út it lânskip stutsen wêze, sadat boaiemlagen en it oerflak mei syn lânskiplike eleminten bleatlein wurde. It wurk hat in monumintaal karakter, it is kleurich, stilearre en boartlik. De glazueren ûntwikkelet Chevalier sels. De ekposysje sjocht Chevalier as har weromkear nei in stikmannich jierren minder oan it wurk west te hawwen. Om dy reden makke se ek spesjaal nij wurk foar de eksposysje.

‘Tafeltjes’ fan Henneke Chevalier (boarne: Bax Kunst)

Sneon 1 oktober 2022 wurdt de eksposysje feestlik iepene. Nigethawwers binne om 15.00 oere hinne fan herte wolkom om de iepening by te wenjen.

De eksposysje duorret oant en mei 12 novimber 2022. Sjoch op www.baxkunst.nl foar mear ynformaasje.

septimber 23, 2022 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.