Eksklusyf fraachpetear mei Steven de Jong oer de film ‘Grutte Pier’

septimber 10, 2022 22:57

“Wy Friezen hawwe in grut gefoel dat wy graach ús eigen pûltsjes dopje wolle en ús eigen karren meitsje wolle, frij en ûnôfhinklik. Dat is neffens my de siel fan dizze film, fan it ferhaal dat wy graach fertelle wolle.”

Steven de Jong (foto: Bob Thomas)

Op 28 oktober 2022 komt de Frysktalige film Grutte Pier út yn ’e bioskoop. It is it earste diel fan in trilogy oer it libben fan de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia (1480 Kimswert-1520 Snits). De oare twa dielen sille neffens planning yn 2025 en 2028 ferskine. De haadrol wurdt spile troch Milan van Weelden fan Zoetermeer. Oare spilers binne Elske DeWall, Syb van der Ploeg, Jan Arendsz, Bram van der Vlugt en Cas Jansen as Karel van Egmond van Gelre. De films wurde makke troch Steven de Jong (1962) en syn ploech. In eksklusyf fraachpetear mei de filmmakker foar It Nijs.

Byld: Steven de Jong Films

Wat kinst yn it koart fertelle oer de ynhâld en it tema fan de film Grutte Pier?
Steven: “It is bekend dat Pier alles kwytrekke is yn syn libben en dêrnei wraak nimt op dejingen dy’t him dat yn syn eagen oandien ha, de Hollanners. Wat wy besocht hawwe yn ús ferhaal te fertellen, en dat komt oerien met it tema dat hjoeddedei ek oan ’e oarder is, is dat de boeren graach in ûnôfhinklik frij bestean ha wolle, en dat net bepale litte wolle troch oare partijen. De polityk spilet dêr hjoeddedei fansels in rol yn, mar dat wie fiifhûndert jier lyn ek sa. Wat my enoarm fassinearret oan it ferhaal fan doe en no, is eins dat der neat feroare is. Ast nei Oekraïne sjochst en wat der no bart hjir yn Nederlân mei it stikstofbelied ensfh., dan komst derefter dat yn in oare foarm deselde tema’s spylje. Wy Friezen hawwe in grut gefoel dat wy graach ús eigen pûltsjes dopje wolle en ús eigen karren meitsje wolle, frij en ûnôfhinklik. Dat is neffens my de siel fan dizze film, fan it ferhaal dat wy graach fertelle wolle. Blykber leare we mar net fan alles dat we net goed dogge of wat de skiednis ús fertelle kin. Yn 1345 by de Slach by Warns waard ek fochten tsjin de oerhearskers. In pear hûndert jier letter by Grutte Pier barde itselde. En no is it eins wer oan ’e oarder.”

Byld: Steven de Jong Films

Wie it dyn dream om in film of trilogy oer Grutte Pier te meitsjen?
“Yn de tiid fan De Gouden Swipe en De Fûke, 20-25 jier lyn, waard de fraach al steld wat foar Fryske films noch mear te ferwachtsjen wiene. Doe haw ik it al oer Grutte Pier hân. Ik woe altyd al wat mei Grutte Pier dwaan. Op in bepaald stuit tocht ik fan: ik moat gewoan begjinne, oars bin ik aanst dea en begroeven en haw ik it net dien. Ik bin mar úteinset en hope geandewei mear minsken entûsjast te krijen foar it projekt. Ik woe it ferhaal op in wat oare manier fertelle, elk jier woe ik in blokje draaie. En ik woe it ferhaal troch de jierren hinne foar in part fertelle út de eagen fan in opgroeiend bern en dêrmei in epysk gefoel kreëarje. We binne yn 2018 begûn en no is it earste diel folbrocht. Diel twa en trije sille noch folgje om it hiele ferhaal fan Grutte Pier te fertellen.”

Byld: Steven de Jong Films

Yn gearwurking mei hokker partijen is de film ta stân kommen?
“It belangrykste is de filmambassade. Dat is in klup fan sa’n tritich minsken dy’t hiel optein en fleurich wurde fan it medium film. Dêr sitte ûndernimmers yn, minsken dy’t wat finansjele draachkrêft hawwe. Mei dy minsken is de film ûntwikkele. En we binne sels it djippe yn sprong. Wy hoopje dat dat klupke filmambassadeurs him fermannichfâldigje sil. We binne op syk nei mear minsken dy’t it medium film omearmje. Wy sizze ek dat wy ferhalen fertelle dy’t oars net ferteld wurde soene. De films binne net puer kommersjeel, we wolle graach films meitsje oer bepaalde ûnderwerpen. Ik wol graach wat oars meitsje as de safolste romkom. Ik wurd wat âlder en dan krigest hieltyd mear it gefoel datst wat meitsje wolst dêr’t dyn siel mei besibbe is.”

Do hast wolris sein datst dingen meitsje wolst dy’t net yn ien hokje passe. Is de film Grutte Pier dêr in goed foarbyld fan?
“Ja, dat fyn ik wol. Dat is in bytsje de Nederlânske kultuer om alles hiel oersichtlik yn hokjes te ferdielen. Ik wurd faak assosjearre mei famyljefilms, om’t ik de Kameleon-films en Snuf de Hond makke haw. Ast Grutte Pier aanst sjoen hast, kinst dêr fan alles fan fine, mar net dat it yn dat hokje past. Ik fyn it just hiel leuk om in bytsje oan dy sjenres te moarreljen. We soene in jier as acht lyn in film meitsje yn Teheran, Iran. Dy film is der nea kaam, mar ik ha dêr wol west. We hawwe in lokaasje socht en mei minsken praat ensfh. It wie in dwaas projekt om’t we ien fan de pear filmmakkers wiene dy’t dêr dan filmje soene. Dus dat wie ek noch wol spannend. En it waard ek net omearme troch it ministearje. Ik waard belle út De Haach en frege hoe’t ik it yn ’e harsens helle en der waard sein dat se my net rêde koene as ik dêr opsluten wurde soe. Wy hawwe dêr ek nei de film west. Ik siet yn in bioskoop yn Teheran en seach nei in film dêr’t ik neat fan ferstie en dêr’t ik my fan ôffrege yn wat foar hokje dy film paste. It gie fan horror nei erotyk en fan erotyk nei humor en fan humor nei spanning. It wie gewoan alle sjenres trochinoar. Doe’t ik de film útrûn tocht ik: wat wie dat eins in geweldige belibbing, wat fantastysk dat de filmmakkers har hielendal net oan wetten en hokjes hâlde, mar gewoan de dingen dogge dy’t se moai fine. Ik fûn dat wy folle frijer yn ús geast operearje moasten. Yn Grutte Pier giet dat sa fier net, mar ik ha my wol ôffrege hokker sjenre it is: is it aventuer, is it drama, is it fantasy? It is eins fan alles wat. De film is út ûnôfhinklikheid en frijheid wei makke, omdatst net mei omroppen, filmfûnsen, distributeurs te krijen hast dy’t sizze datst binnen de lyntsjes bliuwe moast.”

Byld: Steven de Jong Films

De dokumintêre Bûter, brea en swarte bledsiden fan Omrop Fryslân út 2020 giet oer de skaadsiden fan Grutte Pier. Komme dy ek yn de film foar?
“Yn ús ferhaal is Pier gjin hillige, hear. Mar we besykje wol ticht by syn minsklikheid te bliuwen. Wat we net ferjitte moatte, is dat er foar syn gefoel alles kwytrekke is. Ik sit in protte yn Amsterdam om de film ôf te wurkjen, en dan wurdt ek wol oer de boereprotesten praat. Ik haw al in pear kear tsjin minsken sein dat se it gefoel fan de boeren ûnderskatte. It giet der net om dat mei it útkeapjen fan boeren it probleem oplost is. It giet oer it libben fan minsken, harren passy en hiele wêzen, soms al generaasjes lang. In protte boeren hawwe it gefoel dat dat harren ôfnommen wurdt, yn elts gefal dat se gjin frije kar mear hawwe. Ik wol it net dramatisearje, mar dan is in boere-opstân net fier fuort. Dat is krekt wat fiifhûndert jier lyn ek bard is. In klofte boeren en boargers kaam byinoar mei it idee: wat hawwe we te ferliezen, se pakke ús alles ôf, we ramme wer werom. Dan krigest de gjalp: ‘Leaver dea as slaaf!’”

Geane de oare dielen fan de trilogy fan Grutte Pier ek troch as it earste diel gjin sukses wurdt?
“Dizze film ha wy net yn it foarste plak makke mei it idee dat we in grut sukses skoare wolle. Ik hie fansels hiele kommersjele projekten oanpakke kinnen en dêr myn tiid yn stekke kinnen, as we it foar de winsten dwaan soene. Soms moatte je dwaan wat je tinke dat barre moat. We hoopje fansels wol dat de film it ôfgryslik goed docht en dat dy de wrâld yn giet.”

Byld: Steven de Jong Films

Hast twivele om de film yn it Frysk of yn it Nederlânsk te dwaan?
“Nee, nee, nee, net in sekonde. Sa persoanlik en sa autentyk mooglik ha we besocht dizze film te meitsjen. Ik ha wol fuortdaliks sein dat ik in goeie akteur foar de rol fan Grutte Pier fine moast. Ik krige wol in protte mailtsjes fan grutte, sterke Friezen dy’t de taal wol behearskje, mar net akteur binne. Dus dy moast ik bûten ús Fryske grinzen sykje. En dy haw ik fûn yn Milan van Weelden en hy docht it fantastysk. It is bewûnderensweardich hoe’t er him foar de film de taal eigen makke hat. Hy hat gjin kursus by de Afûk dien, mar by my. Ik haw alle teksten fonetysk foar him ynsprutsen en dy hat er leard. Dat wie wol in útdaging. Mar ik ha der in protte respekt foar dat er dat sa oppakt hat.”

Steane de spilers oant 2028 ûnder kontrakt?
“It projekt is frijheid blijheid, mar wurdt wol droegen troch in freoneklup. Ik ha minsken derby socht dy’t mear binne as allinnich in kollega. Fan tefoaren haw ik oanjûn wat it idee is en dat der wol sprake wêze moat fan in soarte belutsenheid foar in lange perioade om it hiele ferhaal te fertellen. Hoe’t it allegear gean sil, witte we fansels dochs net. Allinnich de dea kin ús skiede. Der binne al in pear spilers ôffallen troch de dea. Bram van der Vlugt binne we al kwyt. Ik hie ea Aart Staartjes ek frege foar in roltsje, mar hy wie foardat we begûn wiene mei draaien al ferstoarn. En we binne al mear kwytrekke, der steane trije krúskes op ’e ôftiteling. Ik hie it der al mei Bram oer hân, it wie yn de koroanatiid en Bram wie al 86, dat we de sênes mei him net útstelle moasten. Yn in relatyf koarte tiid hawwe we dy sênes draaid en ik haw noch út de gek tsjin him sein dat as er de einstreek fan de film net helje soe, ik de film oan him opdrage soe. Dat dogge we dus ek. Trije, fjouwer moanne letter wie er der net mear. It ferhaal giet fansels ek oer libben en dea, dus dat komt op dizze manier wer byinoar. Bram hat syn rol as Graaf Gwijde van Vlaanderen wol folbrocht.”

Byld: Steven de Jong Films

Wat wiene de grutste útdagingen by it meitsjen fan de film?
“Dit is net de film Het Diner, om mar in foarbyld te nimmen, dat minsken oardel oere oan in itenstafel yn in húskeamer sitte. De film spilet him ôf yn in oare tiid, dat is lestich. De measte opnames binne yn Fryslân makke, mar we hawwe ek yn Orvelte yn Drinte en yn it Archeon yn Alphen aan den Rijn west. Der bart nochal wat yn de film. Dat binne eleminten dy’t it net ienfâldich meitsje om it mei in lytse ploech te dwaan. We binne wol oant it gatsje gien, sis mar. En noch, we binne noch mei de lêste dinkjes dwaande.”

De premjêre is op 28 oktober yn Teater Snits. Jim sille dêrnei in toernee hâlde.
“Ja, de film draait yn ’e bioskopen, mar we dogge ek in toernee by teäters, kulturele sintra en doarpshuzen yn Noard-Nederlân lâns. Op dy filmjûnen jou ik in filmkolleezje en der is in optreden fan Carla DeBruine. Yn de filmkolleezjes kin ik minsken fertelle oer it ûntstean fan Grutte Pier en dat ik it projekt graach dwaan woe. Mar ek dat it filmmeitsjen wol in opjefte is. It wurdt in folsleine belibbing fan it projekt. Minsken kinne by ús sa’n jûn boeke. We wolle de film graach ticht by de minsken op it plattelân bringe.”

Byld: Steven de Jong Films

Wat kinst fertelle oer de muzyk by de film?
“Heal oktober komt it muzykalbum it Grutte Pierprojekt (GPP) út op Spotify. Dat bestiet út tsien Fryske lietsjes plus de filmmuzyk fan Ronald Schilperoort. De nûmers binne makke mei in hiele ploech fan de bêste musisy fan Nederlân. ‘Skriem om my’, in Fryske ferzje fan ‘Sleeping Sun’ fan de band Nightwish, is in aardich grutte hit yn Fryslân wurden. En Nico Outhuijse en ik hawwe mei Elske DeWall en Milan van Weelden, dy’t fan oarsprong musicalakteur is, it ferske ‘Do bist myn lân’ makke. In oantal fan de nûmers binne yn de film ferwurke. Takom jier komt der noch in simmerkonsert, is de bedoeling.”

Bist al dwaande mei it folgjende diel fan Grutte Pier?
“Ja, ik bin it skript oan it skriuwen. It binne fansels prosessen fan jierren. It skriuwen doch ik tegearre mei senarioskriuwer Dick van den Heuvel. Histoarikus Josse Pietersma helpt ús as we wat oer histoaryske feiten witte wolle. Mar fernimst wol dat it echt in ynterpretaasje is fan dingen. Ik beklamje altyd dat ik fiksje meitsje en gjin dokumintêre oer hoe’t it wol of net gie om 1500 hinne. Ik fertel drama, it is myn wierheid, net in oar syn wierheid of dé wierheid.”

De premjêre fan de film is yn Teäter Snits op 28 oktober, de stjerdatum fan Grutte Pier (hy leit begroeven ûnder de Grutte Tsjerke). Premjêrekaarten binne te besetten by Teäter Snits. Nije ambassadeurs kinne har melde by info@filmambassade.nl.

Troch Hedwig Terpstra

Besjoch de oankundigingsfilm en klips fan de film:
www.youtube.com/results?search_query=grutte+pier

Besjoch de promoasjefilm fan Grutte Pier:

septimber 10, 2022 22:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.