Earste fuortgongsprippen koroanafaksin wurde op 19 septimber set
Resint ferskynd
- Nije rige ‘Verborgen verleden’ mei ûnder oaren de bruorren Anker 0
- Taeke Kooistra nimt kop bij damkampioenskip 0
- Katja Novitskova presintearret nije solo-eksposysje 0
- NBE fiert de stêd Napels yn ‘Napolitana’ mei Peppe Barra 0
- Oargelkonsert troch David de Jong yn Doarpstsjerke Huzum op 17 febrewaris 0
Takom wike tiisdei falle de earste útnûgingen foar in fuortgongsprip mei it koroanafaksin yn ’e brievebus. Minsken mei in grut risiko om slim siik te wurden en soarchmeiwurkers krije foarrang. Fan 19 septimber ôf kinne se op ôfspraak by de GGD telâne.

Foto: pixabay.com
Nei de foarrangsgroepen komme de minsken oan bar dy’t alle jierren foar de grypprip útnûge wurde. Hja wurde fan begjin oktober ôf troch de húsdokter útnûge. Dêrnei kin de rest fan de Nederlanners, âlder as tolve jier, in faksinaasje helje. Op advys fan it Outbreak Management Team wurdt pript mei de fernijde faksins fan Pfizer/BioNTech en Moderna, dy’t koartlyn goedkard binne. De faksins moatte beskerming biede tsjin mear farianten fan de koroanasykte, lykas omikron. “Dat kin helpe om in oplibjen fan de koroanagoarre tsjin te gean”, stelt minister Kuipers fan Folkssûnens.
Neffens it ministearje is de prip nedich om de beskerming tsjin koroana op peil te hâlden. It OMT advisearret elkenien boppe de achttjin dy’t allinnich de basisprip(pen) hân hat, en dus noch gjin oppepper, om fan ’e hjerst yn elk gefal in fuortgongsprip te heljen.
De nije pripomgong moat foarkomme dat minsken slim siik wurde of ferstjerre as se it firus skypje. Dêrneist moat mei it faksin berikt wurde dat der net te folle minsken yn it sikehûs opnommen wurde moatte en de soarch foar elkenien tagonklik bliuwt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje