Dútske partij SPD makket Frysktalich ferkiezingsstruibrief

septimber 11, 2022 22:26

De partijen yn Dútslân ûntdekke stadichoan dat der njonken it Dútsk ek oare talen yn dielen fan it lân praat wurde. In minderhedepartij lykas de SSW, dy’t opkomt foar de Deensk- en Frysktaligen yn de dielsteat Sleeswyk-Holstein, brûkt fansels geregeldwei oare talen as it Dútsk, mar oare partijen folgje no ek.

It opfallendste is de sosjaal-demokratyske partij SPD, dy’t foar de dielsteatferkiezings fan kommende moanne yn Nedersaksen syn ferkiezingsstruibrief yn tolve taalferzjes útbrocht hat. Njonken it Dútsk en in rige buor- en ymmigrantetalen binne dêr it Nedersaksysk en Frysk by, út soarte yn de farianten sa’t se yn Nedersaksen brûkt wurdt: Platdútsk en Sealterfrysk. Nijsgjirrich is dat de Sealterfryske ferzje oerset is troch twa Nederlânske Friezen: Henk Wolf hat mei stipe fan Wolter Jetten de tekst oanlevere. Hja binne beide lid fan de Oarbaidskring Seeltersk, in wurkgroep dy’t him ynspant foar de Sealterfryske taal.

By de lanlike ferkiezings fan ferline jier makke de partij Bündnis 90 / Die Grünen ek al gebrûk fan it Sealterfrysk, doe yn filmkes op ’e sosjale media. Dêr hie Wolf ek by stipe. Hy berjochtet dat de partij CDU ek kontakt hân hat mei de Oarbaidskring Seeltersk, mar dat fan dy partij oant no ta allinnich de pleatslike ôfdieling in partijgjalp yn de Fryske taal hat.

De Nedersaksyske ferzje fan it SPD-program is hjir te finen.

De Sealterfryske ferzje fine jo hjir.

septimber 11, 2022 22:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.