Dokumintêre ‘NYK’ op NPO2 en Omrop Fryslân

septimber 2, 2022 08:51 Fernijd

Op sneon 3 septimber wurdt om 15.30 oere op NPO2 in portret útstjoerd fan de Amsterdamsk-Fryske dichter Nyk de Vries. As skriuwer en muzikant betinkt er hieltyd nije foarmen en wurket er graach mei oare artysten gear. As Dichter fan Fryslân makke er acht poëzyfilms en die er ûnder oare in blokfluit-Alvestêdetocht mei it Cohda Kwartet. Yn de dokumintêre, makke troch filmmakker Herman Zeilstra, wurdt Nyk folge op syn reis nei Kopenhagen, dêr’t er optreedt mei de Deenske dichter Carsten René Nielsen. De film is snein 4 septimber om 17.00 oere te sjen by Omrop Fryslân en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.

Nyk de Vries (byld: Omrop Fryslân)

In soad fan it wurk fan Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) spilet him ôf tsjin de eftergrûn fan dêr’t er opgroeide, de Fryske Wâlden. As studint stoarte er him fol fjoer op de muzyk (yn The Amp en letter yn de band fan freon Meindert Talma) en begûn er proaza en poëzy te skriuwen. Nyk de Vries wennet yn Amsterdam, syn wurk ferskynt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn lêste roman Renger is troch de VPRO ek as harkspul útbrocht.

De Vries hâldt derfan om gear te wurkjen mei oaren. Yn 2019 wie dat mei byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra yn de foarstelling ‘Wâldman’, oer de tsjustere kearside fan it lânskip fan syn jeugd. Tegearre mei it Rotterdamske saksofoankwartet Artvark makke er de foarstelling ‘Tagelyk’. As Dichter fan Fryslân makke er mei filmer Herman Zeilstra acht poëzyfilms. Ien dêrfan is Asman, ta eare fan 150 jier stedsreiniging Ljouwert. Asman is ek de titel fan syn lêste bondel.

Nyk de Vries (byld: Omrop Fryslân)

Yn NYK lit regisseur Zeilstra fragminten fan dy poëzyfilms sjen. Ek reizget er mei nei Kopenhagen, dêr’t Nyk optreedt mei de Deenske dichter Carsten René Nielsen. Op ‘blokfluit- Alvestêdetocht’ gier er mei it Cohda Kwartet, dat yn in fluwielen kombinaasje fan houten ynstruminten en poëzy útrint. De film NYK toant Nyk de Vries as in alsidich artyst, dy’t mei muzyk en taal, en as de ynnimmende persoanlikheid dy’t er no ienkear is, it ferhaal fan syn dichterslibben fertelt.

FryslânDOK: NYK – portret fan dichter Nyk de Vries
Sneon 3 septimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 4 septimber om 13.30 oere);
Snein 4 septimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).

septimber 2, 2022 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.