Doede Wiersma: Simson fan Fedde Schurer
Resint ferskynd
Oertinking
Fedde Schurer skreau yn 1942 it toanielstik ‘Simson’. Simson wie foar Schurer symboal fan it ferset tsjin de nazys. Yn 1945 ferskynde it as boekje fan 72 siden. Yn 1947 waard it foar it earst opfierd en Schurer spile sels de rol fan Simson.
Yn 1968 wie it wer te sjen en doe ha myn frou en ik derhinne west. Simson wurdt út ’e finzenis helle en moat spylje op in feest ta eare fan de god Dagon. Ezra en Samma, olivekeaplju út Israel, binne ûnder it folk.
“Hark, dy deis moast bline Simson út ’e mûne om yn it gleie ljocht te kyk te stean. En spylje soed er, hy, de striidb’re sjonger, Dagon ta ear’, Jahwèh ta djippe hún!
… Ezra en ik, wy stiene mei ús oliven op it timpelplein en seagen ’t skouspul oan… Dêr stie hy, Simson sels, de harpe yn hannen…
Skôge syn siele omheech oer folk en Dagons byld yn ’t ivich ljocht. Doe wie hy Isrel sels… Hy song, hy song dit liet: ‘Sterkje my inkeld dizze kear, myn God!’
… De harpe kantele him foar de foet. Syn frije hannen taasten de pylders oan. Ik seach se skowen, knikken… Doe dondere de hiele Dagonswinkel mei god en timpel, folk en eale foarsten … ynelkoar.
Sa is hy stoarn foar ús, syn folk, dêrjinsen. Sa wie it lêste: God de Hear is grut!”
Midden yn ’e oarloch (1942) heart Fedde Schurer klokken en bazunen dy’t de befrijing oankundigje:
“Lied dan en lied, en lied de twangsteat út,
lied dan en lied, en lied de frijdom yn –
It folk fan Simson oer dy, Filistyn!”
Wat kin in bibelferhaal ynienen aktueel wurde!
Lêze: Rjochters 16:23-31
Yllustraasje: Rembrandt, It blynmeitsjen fan Simson
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje