Doede Wiersma: De eeuw van mijn vader

septimber 4, 2022 07:00

Oertinking

Under de titel De eeuw van mijn vader skreau Geert Mak in boek, dat giet oer syn eigen heit (en mem), mar tagelyk oer de skiednis fan ús folk. It hiele wrâldbarren fan de foarige iuw wurdt sichtber makke yn de libbensrin fan dy heit en mem, harren famylje en húshâlding.

De skriuwers fan de ferhalen oer Abraham, Izaäk en Jakob dogge lykas Geert Mak. Sy beskriuwe de iuw fan harren aartsfaders en aartsmemmen. Mar sà, dat de skiednis fan folk en wrâld ta klinken komt: yndividu en folk, Abraham en it Abrahamsfolk binne ien.
Wiene de ferhalen fan Genesis 1-11 oerferhalen, fan Genesis 11:27 ôf sjogge wy hoe’t Israel syn plak ynnimt ûnder de folken: Abraham (= Israel) hat Lot (= Moäb en Ammon) neist him yn it Oer-Jordaanske (Genesis 19:37-38). Izaäk moat libje mei Ismael, de woestyn-nomaden yn it Suden (Genesis 25: 12-18). En Jakob hat neffens Genesis 36 te krijen mei Ezau (= Edom/Seïr).

Pieter Lastman (± 1583-1633), Abraham ûnderweis nei Kanaän (Hermitaazje, Sint-Petersboarch; publyk domein)

Elie Wiesel skreau: “In man en in frou, Abraham en Sara. Wa ken se net? Hy is de heit fan ús folk, sy de mem. Wy komme altyd by harren werom.” Harren libben is net te begripen sûnder Jahwèh. Nei Syn stim harket Abraham. Abraham heart: “Gean! Gean út dyn lân … nei it lân dat Ik dy wize sil. Ik sil dy segenje, en do: wês in segen. Yn dy sille segene wurde alle geslachten op ’e ierde.”
Dy segen kriget foarm as it Abrahamsfolk it weagje doar mei God… op hoop fan segen. Ta segen wêze is de ropping.

“Al wa’t dy ropping kenne, binne Abrams neigeslacht,
dy binne omheech wei berne en úttein út ’e nacht” (Liet 803: 6a / Gesang 3: 6a).

Ja, Elie Wiesel hat gelyk: Abraham en Sara, wy komme altyd by harren werom om te learen dat it ús ropping is om foar de wrâld in segen te wêzen.

Lêze: Genesis 12:1-3

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
septimber 4, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.