Doede Wiersma: Binne Joaden ús freonen net?

septimber 18, 2022 06:56

Oertinking

Immen skreau: ‘It falt net ta om freon fan Israel te bliuwen.’ De Joadske skriuwer Elie Wiesel beslút syn ‘Pleitrede foar de deaden’ yn it boek De dodenzang (1966) mei de wurden: ‘De Talmoed leart in minske om noait in oardiel oer syn freon út te sprekken, salang’t er net yn syn skuon stien hat. Mar Joaden binne foar jim gjin freonen en dat ha se noait west; en om’t se gjin freonen hienen, binne se stoarn. Dus lear om te swijen.’

Krityk op Israel kin ik net oer myn lippen krije. As oaren dat maklik dogge, ropt it wjerstân yn my op. Ommers, ik bin Europeaan. En yn it hert fan Europa binne seis miljoen Joaden deamakke.

dr. Jacques Presser (boarne Wikimedia commons, lisinsje CC BY-SA 3.0)

Ik bin Nederlanner. De fragen fan dr. J. Presser yn syn boek Ondergang. De vervolging en verdelging van het Nederlandse Jodendom 1940-1945 snije my troch de siel:

  • Hawwe gemeentebestjoeren en amtners net meiholpen om in J yn de persoansbewizen te setten?
  • Hawwe gewestlike arbeidsburo’s har net brûke litten om de Joaden nei wurkkampen oer te bringen?
  • Ha de tram, it spoar en de plysje net meiholpen oan de deportaasje nei Westerbork en fierder?
  • Ha de banken it sparjild en de effekten fan Joaden net stellen? Ensfh.

It docht my sear dat de 5.450 fan de 110.000 Joaden dy’t nei de oarloch yn ús lân weromkamen, foar it grutste part sa min behannele binne. Ik praat net goed wat Israel ferkeard docht, mar ik stean net yn har skuon. Ik lit krityk op Israel oer oan de profetyske stimmen fan it eigen folk. Boppedat fertrou ik derop dat it Earste Testamint Israel de wegen wiist nei frede.

Mei Elie Wiesel sis ik: ‘Ik hâld fan Israel as alles goed giet, mar ek as alles tsjin sit. Ik hâld fan Israel yn syn gloarjetiid en yn perioaden fan twivel en eangst.’ Net ik, mar God sels ropt syn folk ta ferantwurding. Dat lêze wy yn de âlde tekst dy’t oer de ropping fan Israel giet.

Lêze Deuteronomium 7:6-9

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
septimber 18, 2022 06:56
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric septimber 19, 17:22

    Romeinen 11!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.