Doede Wiersma: Allegearre komme wy ier of let oan ’e Jabbok

septimber 11, 2022 07:13

Oertinking

Ik wie noch net salang dominy, doe besocht ik in jonge man dy’t net better wurde koe. It fielde as hong it fertriet en de ferbittering dêroer driigjend en swier yn ’e keamer. Wiken lang bleau dat sa. Doe op in dei fernaam ik daliks by it kommen dat it oars wie: ljocht en rom. Ferheard frege ik: “Wat is hjir bard?” De sike sei: “Jakob oan ’e Jabbok!” Hoewol’t ik it antwurd wol wist, frege ik: “Mei deselde ôfrin?” Hy knikte fan ja en syn antlit wie bliid.
Letter belibbe ik it krekt sa noch twa kear.

De psycholooch Drewermann skreau: “Ik leau dat minsken yn ferskriklike eangsten in anker fan hoop fine kinne yn God dy’t harren troch de Jabbok hellet.” Neffens him komme alle minsken ier of let oan dy Jabbok. De dea is it grutste ferlies dat minsken lije. Wy ferlieze dêrmei alles: ús leafsten, ús lichem, de dingen dêr’t wy fan hâlde. Wy sjogge ús bern en bernsbern net mear opgroeien. Wy kinne ús projekten net ôfmeitsje.

De measte minsken binne panysk bang foar de dea. Efter in soad eangsten, lykas foar sykten, sit dy grutte eangst foar de dea.

Bartholomeus Breenbergh (1598 – 1657), Jakob wrakselet mei de ingel (publyk domein)

Jakob hat jierren lang fier fuort west. Hy komt werom. Der is noch ien obstakel: Ezau. En dy hat alle reden om Jakob te deadzjen.
Jakob hat syn froulju, syn bern, syn feinten en syn hiele besit al oer de rivier brocht. Sels bliuwt er efter. Nea fielde er him sa allinne, nea wie er sa lytsman. Nea hie er mear ferlet fan in segen. Yn dy tsjustere nacht fan de siel wrakselet er. Hy skreaut dy Oare ta: ik lit Jo net los, segenje my earst. En hy fielde him segene. “Peni-el,” stammere er: ik ha God sjoen.

Wy ha in God dy’t ús troch de ‘Jabbok’ skuort…!

Lêze: Genesis 32:23-31

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

 

septimber 11, 2022 07:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.