Doarpskwis yn Burgum

septimber 28, 2022 08:17

Op woansdei 28 desimber 2022 wurdt de earste Burgumer Doarpskwis organisearre. Ploegen yn alle soarten kinne har oaninoar mjitte. Hokker ploech wit it measte oer Burgum? Hokker orizjinele namme kriget in ploech en wa wurdt dêr de oanfierder fan? Der wurdt striden om in wikselbokaal.

It sintrum fan Burgum (foto: Wikipedy/Andrys Stienstra – CC BY-SA 4.0)

Der binne noch net in soad plakken yn Fryslân dêr’t in doarpskwis holden wurdt. Inisjatyfnimmer Gerard Hendriksen fûn it tiid wurden dat Burgum mei dat listje oanfiere koe. Hy woe in selskipsspul dat foar ferbining soarget en kennis en kunde fan Burgum grutter makket. Hy sammele wat minsken om him hinne en de organisaasje koe begjinne.

Wa wit it measte oer Burgum? Wa is goed yn skiednis, nijs, sport, kultuer, polityk, ensfh.? Op 7 jannewaris 2023 wurdt de útslach buorkundich makke op in feestlike jûn yn De Pleats. Njonken it beäntwurdzjen fan fragen, moatte dielnimmers ek opdrachten útfiere.

Mei-inoar wille hawwe stiet heech yn it findel. Oanmelde kin fia de webside www.burgumerdoarpskwis.nl. Dêr is ek mear ynformaasje te finen. It makket net út hoefolle leden oft in ploech hat of hokker leeftiden oft se hawwe. It kinne famyljeleden, freonen, kollega’s, ensfh. wêze.

septimber 28, 2022 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.