Debat oer asylsikers yn Mid-Grinslân rint folslein út ‘e hân

septimber 30, 2022 10:03
Foto: Chuttersnap (Unsplash)

Yn de gemeente Mid-Grinslân is in gemeenteriedsgearkomste tongersdeitejûn raar út ‘e hân rûn. De gemeenterie wie gear oer in plan om asylsikers op te heinen yn it doarp Súdbroek. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol de ryksoerheid skewiele, dy’t op it stuit raar oanklaud is mei asylsikers dy’t bûtendoar sliepe moatte, om’t de fêste opheinderij yn Ter Apel te lyts is.

Yn in hal by in hotel oan sneldyk A7 yn Súdbroek hawwe op it stuit twahûndert asylsikers in tydlik sliepplak. Dat soene no fiifhûndert wurde. Dat plan wie net elk nei ‘t sin. De gearkomste waard fersteurd mei geraas, gemeenteriedsleden waarden bedrige en der waard mei diggelguod smiten. It slagge de riedsfoarsitter net om it publyk del te bêdzjen.

It plan krige nammers ferline wike ek krityk út de gemeenterie wei. Boargemaster en wethâlders hiene it net mei de gemeenterie bepraat. Ferskate partijen, ek kolleezjepartijen, hiene it idee dat der oer de gemeenteriedsleden hinne wâde waard.

septimber 30, 2022 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.